Nooit Gedagt (Woudrichem)
De Nooit Gedagt is in nôtmûne op it bolwurk fan de Brabânske stêd Woudrichem. De achtkante, stiennen en foar in part bepleistere stellingmûne is yn de jierren 1990 op 'e nij boud. De mûne is regelmjittich yn bedriuw en yn de mûne is in winkel mei produkten fan de mûne ûnderbrocht.
Nooit Gedagt | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Brabân | |
gemeente | Altena | |
plak | Woudrichem | |
adres | Rijkswal 7 | |
koördinaten | 51° 48' N 5° 00' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 23,65 meter | |
boujier | 1990-1996 | |
sloopjier | 1945 | |
Webside | ||
Side Nooit Gedagt | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIn stiennen mûne op it plak waard om 1662 hinne op it bolwurk boud, dat Willem fan Oranje yn 1583 troch Adriaan Antonis as ûnderdiel fan de ferdigeningswurken om de stêd oanlizze liet. Oant 1862 hie de mûne in houten achtkant op de stiennen romp, dy't doe ferfongen waard troch in stiennen boppebou.
Op 21 april 1945 blaasden de Dútsers de mûne op. Yn de jierren 1980 ûnstie it plan om de mûne wer op te bouwen. Foar dat doel waard yn 1984 de Stichting Herbouw Molen Nooit Gedagt stifte. Om't der hast gjin technyske ynformaasje fan de âlde mûne oanwêzich wie, koste it boutechnyske ûndersyk in soad tiid en lieten se ynearsten yn harren omgean om in Belgyske mûne oan te keapjen. It waard dochs in rekonstruksje en yn 1989 wie genôch jild ynsammele op it projekt stal te jaan. Dêrmei waard op 5 maaie 1990 útein set.
De weropbou fan de mûne wie fan 5 maaie 1990 ôf en op 31 maaie 1996 waard de nije mûne offisjeel iepene. De hjoeddeiske mûne stiet likernôch 5 meter eastlik fan de histoaryske mûne. Oan it patroan yn de strjitte is it krekte plak te sjen dêr't de âlde Nooit Gedagt ea stien hat.
De mûne hat in flecht fan 23,80 meter en it is de iennige stellingmûne fan Nederlân mei in stiennen achtkante boppebou.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|