Norbertus van den Berg
Norbertus Petrus van den Berg (Rotterdam, 5 novimber 1831 – Amsterdam, 8 jannewaris 1917) wie in Nederlânsk bankier, bestjoerder en topfunksjonaris. Hy wie presidint-direkteur fan de Javasche Bank en letter presidint fan De Nederlandsche Bank (1891-1912).
Wurkpaad
bewurkje seksjeMr. Van den Berg ferfarre 1855 nei Batavia yn Nederlânsk-Ynje om dêr oan 'e gong te gean foar de Nederlandsche Handel-Maatschappij (NHM). Yn 1864 gie er oer nei de Nederlandsch-Indische Handelsbank (NIH). Om reden fan tsjinfallers en skeel naam er dêr ûntslach yn 1872. It jier dêrnei waard hy presidint fan de Javasche Bank wat er oant 1889 bliuwe soe. Hy krewearre yn dy tiid foar de oerstap fan de sulverstandert op de goudstandert. Dat barde foar Nederlânsk-Ynje yn 1877. Nederlân makke de oerstap al yn 1875.
Van den Berg waard 1889 direkteur fan De Nederlânske Bank en twa jier letter presidint fan dy bank. Dat bleau er 21 jier, dêrnei waard er opfolge troch Gerard Vissering.
Van den Berg waard 1892 as lid keazen fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW). Doe't er yn 1912 mei pinsjoen gie, krige er it Grutkrús Nederlânske Liuw, de heechste Nederlânske ûnderskieding.