Nordaustlandet, yn it Frysk It Noardeastlân, is it op ien nei grutste eilân fan de arsjipel Spitsbergen, mei in oerflak fan 14 600 km². It meast eastlike punt, Kaap Leigh Smith, is it fierste noardeastlike punt fan de Barentssee, dy't nei it easten fierder rint fia Kvitøya en Victoria oant Kaap Mary Harmsworth op Aleksandralân (Franz Joseflân) ta.

Nordaustlandet
Nordaustlandet is in Arktyske woastyn

In grut part fan Nordaustlandet wurdt bedutsen troch de gletsjers Austfonna, Vestfonna en Sørfonna. It oerbliuwend diel fan it eilân is toendra bewenne troch rindieren en walrussen. Minsken wenje dêr net.

Austfonna is de grutste gletsjer fan Europa en nei Antarktika en Grienlân it grutste lâniisgebiet fan de wrâld. De gletsjer omfiemet 8200 km², en is oant 560 meter (trochsneed benei 300 m) dik.

Nordaustlandet en omkriten hearre ta it natuerreservaat Nordaust-Svalbard.

Ut de skiednis

bewurkje seksje

Ingelske walrusjagers seagen de súdpunt fan Nordaustlandet foar it earst yn 1617. Dy ûntdekking is te sjen op in kaart fan de Muscovy Kompanjy (út 1625; mar basearre op ûntdekkingen fan foar 1622), dêr't it eilân op Sir Thomas Smyth's Iland hjit. De kaart jout ek al de Noard Kaap (Point Purchas). De namme Oostlandt ferskynt op in Nederlânske kaart fan 1662; in Nederlânske kaart út 1663 jout in mear presys tekene west- en noardkusten en de apart lizzende Sân Eilannen (Sjuøyane). Op in Nederlânske kaart út 1710 is it eilân noch sekuerder oanjûn en wurdt it Het Noord Ooster Land neamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Nordaustlandet vest en øst yn it Noarsk.