Normaal (band)

(Trochwiisd fan Normaal)
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Normaal wie in Nederlânske rockband dy’t yn 1974 oprjochte is. De groep song yn it Achterhoeksk in dialekt fan it Nedersaksysk, en neamde harren muzyk “boerenrock”. De band is yn 1977 lanlik trochbrutsen mei it liet “Oerend Hard” dat altyd in grut sukses bleaun is by de konserten. Oare bekende lietsjes binne “Deurdonderen”, “Bier, bier, bier”,”Ik ben moar een eenvoudige boerenlul” en “De boer is troef”. De teksten gongen faak oer drank, froulju en motorcross.

Normaal
Ic queue music 48px.svg band
Logo fan Normaal
Logo fan Normaal
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
sjongtaal Achterhoeksk
sjenre rock
bestean 1974 - 2015
2019- no
âld-leden Jan Manschot (drums) (1973-2013) †
Jan Kolkman (gitaar) (1975) (1994-2002)
Alan Gascoigne (gitaar) (1980-1982) (2000-2002)
Paul Kemper (gitaar) (1983-1999)
Nico Groen (drums) (1985)
Fokke de Jong (drums) (1989-2003) (2005-2013)
Robert Colenbrander (gitaar) (1992-1993)
Tessa Boomkamp (drums) (2003-2005)
leden
Sang & Gitaar Bennie Jolink
Bas Willem Terhorst
Drums Timo Kelder
Gitaar Ferdi Joly
Normaal op de Swarte Kros 2011

SkiednisBewurkje

Normaal is oprjochte troch sjonger/gitarist Bennie Jolink ('Buizen Berend') en drummer Jan Manschot ('Brekken Jan Schampschot'). Nei in tal wikselingen kamen gitarist Ferry Joly ('Frederik Puntdroad') en bassist Willem Terhorst ('Wimken fan Diene') by de band. Terhorst wie de ienige echte boeresoan. It earste grutte optreden fan de band wie yn 1975 op it jierlikse Popfestival yn Lochem. De earste single “Hels as in jagthond” waard útbrocht yn 1976. Yn 1977 krigen hja sukses yn it hiele lân mei “Oerend hard” Sy joegen in protte optredens, meastentiids yn feesttinten. It smiten mei bier wie ien fan de fêste rituelen tidens de optredens. It rûge feestfieren waard ek wol høken neamd. Normaal hat 39 jier lang alle jierren spile op it Feanhoopfestival en foarme dêr ien fan de hichtepunten.

Yn de rin fan de jierren hawwe der in soad persoanswikselingen yn de band west. Bennie Jolink wie net alinne it gesicht en de gongmakker fan de band, hy wie ek de ienigste dy’t der fan begjin oant ein by west hat en skreau ek de measte ferskes. Doe’t er âlder waard,krige er hieltyd mear te krijen mei syn sûnens en waard it swierder foar him om op te treden. Doe’t er der mei stoppe wie er sawat sântich jier. Yn desimber 2015 hat Normaal in ôfskiedskonsert jûn yn de Gelredome yn Arnhem. Der is in dvd en blu-ray útbrocht fan dat konsert, mei de namme “Ajuu, de mazzel”.

DiskografyBewurkje

Studio-albumsBewurkje

  • Oerend hard (desimber 1977)
  • Ojadasawa (1978)
  • D’n Achterhoek tsjoek (1979)
  • Høken is Normaal (1980)
  • Deurdonderen (1982)
  • De boer is troef (1983)
  • De klok op rock (1984)
  • Steen, stoal en sentiment (1985)
  • Kiek uut (1986)
  • Noar ’t café (1987)
  • Da’s Normaal (july 1988)
  • Rechttoe, rechtan (july 1989)
  • H.A.L.V.U. (july 1991)
  • Buugen of barsten (1992)
  • Gas d’r bi-j (juni 1994)
  • Top of the bult (febrewaris 1996)
  • Krachttoer (july 1997)
  • Høken, kreng (juny 1998)
  • Hels as ’n jagthond (1999)
  • Van tied tut tied (maaie 2000)
  • Effe zitten (maaie 2001) akkoestysk album
  • Ik kom altied weer terug (novimber 2001)
  • Høk & swing (desimber 2003)
  • Ni-je NRS (juny 2008)
  • De Blues eLPee (juny 2009)
  • Høken in Hummelo (maart 2011)
  • Halve soul, helemaal høken (2012)
  • Deurdonderen in de Achterhoek (desimber 2014)

Live-albumsBewurkje

  • Springleavend (1981)
  • Normalis jubilaris (1990) 15 joar Normaal live (1990)
  • Bi-j Normaal thuus (1993)
  • Kriebel in de konte (1998)
  • Vernemstig te passe (2003)
  • Ajuu de mazzel! (2016)

Oare albumsBewurkje

  • Zo kommen wij de winter deur (1985) Mini LP yn gearwurking mei de Glanerbrugger Muzikanten
  • Concrete jungle (1996) album mei nea earder útbrochte ferskes
  • Was ist heute los? (1997) album mei de Dútske lietsjes dy’t earder op single útbrocht binne
  • Fonkel (2004) alde ferskes dy’t net earder útbrocht binne
  • De wilde joaren (2013) album mei nea earder útbrocht live opnames

Keppelings om utensBewurkje