Norman Rockwell Museum

It Norman Rockwell Museum is in museum yn Stockbridge (Massachusetts) dat wijd is oan it wurk fan keunstskilder en yllustrator Norman Rockwell.

Haadyngong fan it museum

It museum waard yn 1969 yn Stockbridge oprjochte, it plak dêr't Rockwell de lêste 25 jier fan syn libben wenne. Sûnt 1993 húsmannet it museum yn it gebou dat ûntwurpen waard troch Robert Arthur Morton Stern.

It museum hat 574 orizjinele keunstwurken fan Rockwell op 'e noed en boppedat it argyf fan Rockwel, in samling fan goed 100.000 dingen, lykas foto's, fanmail en allerhanne saaklike dokuminten.

Yn 2008 werd het museum bekroand mei de National Humanities Medal fan de National Endowment for the Humanities.

Galery bewurkje seksje

Skilderijerige 'Fjouwer Frijheden' fan Rockwell út 1943, ynspirearre troch de Four Freedoms-speech fan de Amerikaanske presidint Franklin Delano Roosevelt út 1941.

 
Freedom of Speech
 
Freedom of Worship
 
Freedom from Want
 
Freedom from Fear

Keppeling om utens bewurkje seksje