Nouvelle vague (film)
De nouvelle vague is in fernijende filmstyl dy’t om 1959 hinne ûntstie. De earste film yn dizze styl wie À bout de souffle fan Jean-Luc Godard.
De grûnlizzers fan dizze styl wiene Robert Bresson, Claude Chabrol, Jean-Luc Godard, Alain Resnais, Jacques Rivette, Éric Rohmer en François Truffaut.
Se hiene gjin filmoplieding hân mar sieten yn filmklups dêr’t se Hollywood-films yn analisearren en sochten nei manieren om it oars te dwaan. Dizze regisseurs woene fan de Hollywoodklisjees ôfstappe. Se neamden Hollywood de dreamfabryk. De films fan Hollywood diene alles der oan om de sjogger leauwe te litten dat it echt wie. Sa is de montaazje fan in Hollywood-film kontinu en dêr wiene se tsjin. Jierren letter waard de nije styl nouvelle vague neamd. Der moast by foarkar foldien wurde oan de folgjende regels:
- Der wurdt mei in hânkamera filme
- De persoanen prate tsjin de kamera
- Bewuste fergripen tsjin de kontinuïteit
- Brûken fan springers (saneamde ‘jump-cuts’) en as-flaters
- Oerdreaun ellipsgebrûk
- Klankbân
- Jo hearre ferskillende lûden
- It lûd is net syngroan
- It lûd giet op en del
- Soarte muzyk: jazz (bedoeld om de sjogger derby te hâlden)
- Auteur stiet sintraal (auteursteory)
De bedoeling wie de sjoggers bewust te meitsjen dat it yn it foarste plak film wie, dêr’t se nei seagen