Ny-Friesland ('Nij-Fryslân') is in skiereilân yn it noarden fan Spitsbergen.

Ny-Friesland is in skiereilân yn it noarden fan Spitsbergen.
Newtontoppen, is mei 1.713 m. de heechste berch fan Spitsbergen en leit yn Ny-Friesland

It gebiet is ferneamd nei de Nederlânske provinsje Fryslân en is foar in grut part bedutsen mei iis. Der binne gjin delsettingen yn dit part fan Spitsbergen.

Ny-Friesland wurdt oan de noardkant begrinze troch de Noardlike Iissee, yn it easten troch Strjitte Hinlopen, yn it suden beheind troch de gletsjers Oslobreen, Kvitbreen en Keplerbreen, yn it súdwesten troch de iiskape Lomonosovfonna en gletsjer Mittag-Lefflerbreen, en yn it westen troch it fjort Wijdefjord. Eastlik fan it skiereilân leit oan'e oare kant fan de seestrjitte it eilân Nordaustlandet, yn it suden leit Olav V-lân, yn it súdwesten Bünsowland en Dicksonland en yn it westen oan'e oare kant fan it fjord it Andréeland.

Arve Staxrud wie de earste dy't Ny-Friesland trochkrúste doe't er op wei wie om oerlibjenden fan de ekspedysje fan Herbert Schröder-Stanz yn de Sorgfjord te rêden yn 1913. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mills, William James: Exploring polar frontiers: a historical encyclopedia, bân 1, 2003, s. 263. ISBN 1-57607-422-6