Nymfomany
Nymfomany is in foarm fan seksualiteit by froulju dy't skaaimerke wurdt troch in sterker ûntwikkeld libido. It wurd hat faak in negatifer bylûd as it brûkme hyperseksualiteit.
Yn medyske rûnten is der gjin wissichheid oer de oermjittige seksuele noed. Yn it generaal wurdt oer oermjittige seksuele noed praat hoenear it ferlangen nei seks ta stress of beheining fan it sosjaal funksjonearjen liede kin. As de frou troch de oermjittige seksuele noed psychyske problemen ûnderfynt, kin nymfomany as in seksuele-funksjefersteuring (ICD F52.7) of as symptoam fan in wiidweidich medyske oandwaning beskôge wurde.
It is net altiten ienfâldich te sizzen wêr't de grins tusken seksuele noed en dwangmjittich gedrach leit. Yn it niiskrekt neamde gefal kinst fan seksferslaving sprekke.