O holle, bloedbedutsen
O holle, bloedbedutsen is in Fryske oersetting fan it Dútske kristlike liet "O Haupt voll Blut und Wunden" (1656).
Tekst
bewurkje seksjeO holle, bloedbedutsen,
Fertrutsen fan fertriet.
O holle, dy't bestutsen
Mei toarnen foar my stiet.
O holle',alear sa hearlik,
Yn goddelike gloed,
En no sa jammerdearlik:
Ik bûch en bring myn groet!
O Hear, by al jo pleagen
En goddelik geduld,
Dit stiet m'aloan foar eagen
By my is inkeld skuld.
Och, sjoch my, earme sûnder,
Dy't ûnder't oardiel leit,
En doch oan my it wûnder
Fan jo barmhertichheid.
Gean 'k ienkear hjir fandinne,
Gean Hear net by my wei.
Dat'k oer de grêven hinne
Noch by Jo wêze mei.
Ja, rint it jir om 't lêste,
Lit om Jo lêste striid
My ienkear by Jo rêste
Yn frede foar altiid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|