Oandachttrening
Oandachttrening of mindfulness ferwiist nei:
- in foarm fan meditaasje wêryn men him op in net-reaktive wize bewust is fan de fysike en geastlike sensaasjes en situaasjes fan it momint ("In sêftmoedige relaasje oangean mei dat wat him no oanbiedt").
- in libbenshâlding fan it akseptearjen fan ûnûntkombere negative en positive ûnderfinings.
De Amerikaan Dr. Jon Kabat-Zinn, emeritus heechlearaar oan de Universiteit fan Massachusetts Medical School hat as earste it begrip mindfulness út syn boeddhistyske kontekst helle en in acht wiken duorjende trening ûntwikkele, de mindfulness based stress reduction (MBSR). Hy hat de basis lein foar it gebrûk fan mindfulness troch artsen of psychoterapeuten yn de Feriene Steaten en Europa. Oandachtstrening of MBSR, wurdt troch terapeuten brûkt as bestriding fan prakkesearjen, depresje of burn-out. Kabat-Zinn hat by de ûntwikkeling fan syn metoade in soad ûntliend oan de praktyk fan Zen.
Yn MBCT wurdt oandachttrening as feardichheid oanleard by de behanneling fan benammen gronyske en weromkommende depresjes, mar ek by fobyen en gronyske pine. Troch oandachttrening kinne minsken depressive gedachten op tiid herkenne en effektyf mei ûnûntkombwere gedachten omgean.
Dêrneist foarmet oandachttrening in essinsjeel elemint yn de saneamde Tredde Generaasje Gedrachsterapy, wêrûnder de Acceptance and Commitment Therapy(ACT). Binnen dizze gedrachsterapyen wurdt oandachttrening op een minder strikte en mear pragmatysk tapast as by MBCT. Oandachttreningwurdt teoretysk sjoen as ien fan d seis kearnprosessen fan ACT, nêist ûnder oare akseptaasje en defusy. In resintlike tapassing fan mindfulness wurdt brûkt yn de saneamde hertkoherinsjetrening (HCT), wêrby't biofeedbach brûkt wurdt.