Oanslach op Keninginnedei (2009)

(Trochferwiisd fan Oanslach op Keninginnedei 2009)

Op Keninginnedei yn 2009 yn Apeldoarn ried in man yn syn auto troch in minskekloft yn op de staasje fan de keninklike famylje.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Plak fan it ûnk. Read is de rûte fan de auto, oranje is de rûte fan de bus mei de keninklike famylje. It stjerke jout it plak oan dêr't de auto troch de ôfsetting mei dranghikken riden is en de minsken oan riden hat. De rûte fan de auto einige by it monumint De Nulle (swarte fjouwerkant).

Keninginnedei

bewurkje seksje

Keninginne Beatrix en har famylje wienen foar it fieren fan Keninginnedei yn Apeldoarn, om't it hûndert jier lien wie dat Keninginne Juliana berne waard, dy't hof hie op Paleis It Loo oan de râne fan Apeldoarn. Nei it fieren yn 'e binnenstêd wie der in staasje dy't de keninklike famylje úteinlik by it paleis bringe soe. Likernôch om 11.50 oere, krekt foardat de bus mei de keninklike famylje by paleis "Het Loo" wie, besocht in man mei in auto op de staasje yn te riden.

 
Lokaasje fan it ûnk op in oersjochkaart fan de stêd Apeldoarn

De man ried syn Suzuki Swift mei fûle faasje troch in dûbelde barriêre en troch in minskekloft, mar koe de bus fan de keninklike famylje nei reitsje. Hy rekke út de koers en batste tsjin De Nulle oan, it monumint foar Keninginne Wilhelmina. Ferskate minsken waarden ferwûne, fjouwer minsken waarden deade.

De bestjoerder, in Nederlânske man fan 38 jier, oerlibbe it ûnk. Polysje en brânwacht koenen him libben út de auto helle, holden him oan en brochten him nei it sikehûs. Daalks nei it barren koe de man noch sizze dat er fan doel west hie en reitsje mei syn auto de bus fan de keninklike famylje.[1] Hy wie lykwols slim ferwûne, en al waard er yn it sikehûs noch operearre, oan it begjin fan de jûn wie er harsensdea en yn 'e nacht ferstoar der.

De wein waard nei it ûnk ûndersocht troch in anty-terreur ienheid en polysje. Der waarden lykwols gjin eksplosiven fûn, dat der waard oannaam dat it gjin terrorisme wie. [2]

 
It monumint De Nulle

Der hie noch net earder in lyksoartich foarfal west mei de keninklike famylje. Nei it foarfal is de bus gau fierdergongen nei it paleis, en om 12.15 oere binne alle oan keninginnedei besibbe eveneminten yn Apeldoarn stilset. Ek yn oare parten fan it lân waarden de evenminten stoppe, of minder feestlik dien.

Keningin Beatrix hat fuort nei it ûnk yn in fideoboadskip foar de tillefyzje west,[3], dêr't hja yn sei dat de keninklike famylje tige fertrietlik is fan it drama en sei dat hja en de keninklike famylje mei de befolking en neibesteanden begien is.

Njonken de man sels binne der seis minsken ferstoarn. Ynearsten wienen dêr njonken fjouwer dea noch fiif slim ferwûne, mar yn de rin fan de dei ferstoar dêrfan noch ien, en de oare dei ek ien.

  1. OF Ungelok Apeldoarn wie opset (30 april 2009)
  2. NOS Vier doden bij viering Koninginnedag (30 april 2009) Nederlânsk
  3. NOS Koningin Beatrix: de familie is sprakeloos (30 april 2009) Nederlânsk

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Commons: Keninginnedei 2009 – foto, fideo en harktriemmen