Oarder fan de Hoasbân
De Oarder fan de Hoasbân (Ingelsk: The Most Noble Ordere of the Garter) is de heechste ridderoarder fan it Feriene Keninkryk, nei it Fiktoariakrús en it Joariskrús en is ien fan de âldste Jeropeeske ridderoarders.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe oarder waard nei alle gedachten troch kening Edwert III fan Ingelân yn 1348 ynfierd doe't er oanspraak op de Frânske troan makke. De keningen fan Ingelân, en hjoed-de-dei dy fan it Feriene Keninkryk, binne de soevereinen fan de oarder. Yn de njoggentjinde iuw krige it Britske kabinet it foech en draach de ridders foar. Sûnt 1946 wurdt dat fannijs troch de Kroan dien. Lidmaatskip is beheind ta de monarch, de prins fan Wales (Members ex officio) en net mear as 24 oare leden, de Companions. De oarder befettet ek ekstra leden fan de Britske foarstefamylje (Royal Knights) en bûtenlânske monargen (Stranger Knights and Ladies). Nije oanstellings wurde altyd oankundige op Sint-Joarisdei, 23 april.
De ridders hawwe yn de kapel fan de oarder in sit. Op de muorre benefter harren sit is in emaillearre plaat mei in tekst en in heraldysk biedwurd oanbrocht. Dêrboppe binne in swurd en in helm mei kroan, as it om in kening giet, of in út hout sniene heraldysk symboal. Boppe harren sit binne de findels fan de ridders.
De manlju drage de letters KG (Knight of the Garter) efter harren namme. Froulju hawwe LG (Lady of the Garter) efter harren namme. Oan de ûnderskieding is foar net-aadlike Britske ridders de titel Sir of Dame ferbûn.
It symboal fan de Oarder fan de Hoasbân is de blau fluwielen hoasbân mei it biedwurd Honi soit qui mal y pense, Midfrânsk foar "Skande oan him dy't der kwea fan tinkt".
Hjoeddeistige leden binne ûnder oaren kening Charles III, de prinsen William, Edward en Andrew, eardere premiers John Major en Tony Blair, Nederlânske kening Willem-Alexander en de Spaanske kening Felipe VI
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) De heraldyk fan de oarder - heraldicsculptor.com
- (in) Stall-Plates of the Knights of the Garter - heraldica.org
- (in) De wapens fan hûnderten ridders yn de oarder sûnt 1348 - heraldique-europeenne.org
- Ofbyld fan de 17e-iuwske mantel - bl.uk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Order of the Garter fan Wikimedia Commons. |