Obe Sikkes Bangma

(Trochferwiisd fan Obbe Sickes Bangma)

Obe Sikkes Bangma (Penjum, 30 maaie 1768 - Amsterdam, 23 novimber 1829) wie in wiskundige en seefeartkundige út Penjum. Obe wie fan 1787-1805 learaar oan de kweekskoalle foar de Seefeart yn Amsterdam. Tusken 1804-1817 wie er earste sekretaris en redakteur fan de tydskriften fan it Wiskundich Genoatskip. Yn 1807 waard er wiskunch adviseur fan de Hollânske Soasjeteit fan Libbensfersekeringen.

Hy wie it seisde bern fan Sikke Bangma út Surch en Tryntsje Bangma út Penjum. Yn syn jonkheid ûntwikkelet Obe him as in tige goede learling en krijt de namme fan "skriemerige Obe, om't neist syn kwaliteiten, syn ûnhandigens op allerhande gebiet út 'e toan falt en hy sadwaande in protte pleage wurdt. Yn Arum - dêr 't hy by syn broer wennet - falt syn bynamme noch ûngeunstiger út: hja neame de betûfte jonge "healwize Obe". Dat hy net heal mar folslein wiis is, blykt by in eksamen foar de seefeartkunde yn Amsterdam. Fan de trije fraachstikken, dêr't hy inkelde dagen de tiid foar krijt, is hy yn in sucht út 'e rie. Al gau wurdt Obe direkteur fan it "Stuurmanscollege" en eksaminator fan seelju. Sels Van Speyck, dy 't letter leaver de loft yngong, is troch him eksaminearre.

  • O.S. Bangma, Inleiding tot de algebra, ten dienst van de scholen, sjoch hjir, Amsterdam, P.G. en N. Geysbeek (1811)
  • O.S. Bangma, Grondbeginsels der stuurmanskunst: Bevattende ... eene verklaring van eenige meetkundige, sterrekundige, en aardrijkskundige grondbeginsels ... eene verklaring van de bijzondere deelen der stuurmanskunst, Amsterdam, P.G Geysbeek (1816)

Sekundêre literatuer

bewurkje seksje
  • M. van Haaften, Het Wiskundig Genootschap (Gron. 1923), 155; J.C.M. Warnsinck, De Kweekschool voor de Zeevaart en de Stuurmanskunst (Amsterdam 1935), 347;
  • J.W. de Roever, Obbe Sikkes Bangma, wiskundige der Holl. Sociëteit in De Levensverzekering (1936), 73-81.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: