Oene Gjerrits Gorter
Oene Gerrits Gorter (Ljouwert, 21 jannewaris 1758 – dêre, 31 jannewaris 1818) wie keapman te Ljouwert. Gorter wie fan 1796 oant 1800 in fûl patriot en unitaarjer.
Biografy
bewurkje seksjeHy wie in soan fan Gerrit Oenes Gorter en Sytze Koopmans. Hy troude op 29 maaie 1785 mei Aukje Doekes Riemersma; hja krigen twa soannen en twa dochters.
Gorter hearde ta de ultra’s fan de patriottyske partij; waard op 30 maart 1796 yn it kiesdistrikt Easterwierrum twadde plakferfanger fan it lid fan de Nasjonale Fergadering en fertsjintwurdige Easterbierrum dêr ek. Hy hat him faak ward yn it skeel tusken de partijen yn Fryslân, dy’t ek wiidweidich besprutsen binne yn de Nasjonale Fergadering. Hy wie in neifolger fan Pieter Vreede.
Op 26 septimber 1796 waard er keazen yn it distrikt Ferwert, bleau ek nei de steatsgreep fan 22 jannewaris 1798 lid en kaam op 4 maaie yn de Twadde Keamer.
Nei de steatsgreep fan 12 juny 1798 waard er net oproppen, mar 15 july waard er yn it distrikt Dokkum keazen as lid fan it Vertegenwoordigend lichaam. Dit mandaat einige doe’t er net opnij keazen waard op 29 maaie 1800. Dat wie de ein fan syn politike karriêre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Gorter, Oene Gerrits.
|