Oenemastins (Terkaple)

De Oenemastins of Roordastins wie in stins yn Terkaple.

Skoarstienmantel Roordastins

Oan de oare kant fan de Terkaplester tsjerke, de noardside, stie yn de midsiuwen in stins. Oan dy stins binne de nammen Oenema en Roorda ferbûn. De nammen steane noch op de grêfstienen yn de tsjerke en yn de pleats noardlik fan de tsjerke. Yn de opkeamer fan de pleats is in skoarstienmatel dy't oarspronklik yn de stins stien hawwe sil. Op dy mantel steane de nammen fan Roorda’s. De skoarstienmantel is 2 meter breed en rêst op 2 pylders fan 2 meter heech. Boppe de trije beitele koppen, dy't allegearre ûngelyk binne, steane trije pear wapenboerden útkapt mei de nammen: Jr. van Roerda Jfr. Elisabeth de Borgreeff (midden boppe) Roerda-Ziaerda (Tjaarda) Borgreeff-van d Eemst (linksûnder) (rjochtsûnder). De nammen fan it middelste wapenboerd binne de bewenners fan de stins. De nammen by de linker boerden sille de âlden fan jonker Douwe fan Roorda west hawwe en dy by de rjochter boerden de âlden fan jonkfrou Elisabeth de Borgreeff.

It ienichste jiertal dat op de mantel foarkomt is 1602 of 1607. It gehiel sil wol setten wêze troch de widdo Roorda as earebetoan oan har man dy't yn 1601 ferstoarn is. Dat is te sjen op de grêfstiennen yn de tsjerke.