Oeral

(Trochferwiisd fan Oeralberchtme)

De Oeral is in berchtme yn Ruslân dat fan noard nei súd rint oer in ôfstân fan sa likernôch 2100 kilometer. It noardlike part fan de Oeral is ûnderdiel fan de grins tusken Europa en Azië. De heechste berch is de Narodnaja mei 1.894 meter.

Lizzing fan it Oeralberchtme
Dizze side giet oer it Oeralberchtme. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oeral (betsjuttingsside).

De Oeral leit tusken de Noardlike Iissee en it noardlike grinsgebiet fan Kazachstan. It gebiet kin geografysk yn 5 ferskillende sônes yndield wurde (fan noard nei súd):

  • Arktyske of Polêre Oeral
  • Subarktyske of Subpolêre Oeral
  • Noardlike Oeral
  • Sintrale of Midden-Oeral
  • Súdlike Oeral

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Oeral – foto, fideo en harktriemmen