Oerjade
Oerjade of Rjustringen wie yn de Midsiuwen in Frysk goa, dat it hjoeddeiske Bâtjadingen, grutte parten fan it hjoeddeiske Jadeboezem en guon parten fan it Jeverlân en de Fryske Wede omfette. It wie nau ferbûn mei de oare beide geaen yn it easten fan it Eastfryske skiereilân, Ostringen en Wangerlân, dy't letter tegearre it Aldenboarchsk Fryslân foarmen.