Oerlis:Afrikaansk
Erkenningsdatums
bewurkje seksjeAt immen in list fan talen nei erkenningsdatum meitsje wol, of in tabel dy't sa oardere wurde kin, dan kin dy ynformaasje maklik bywurke wurde. Mar at soks oan beskriuwende side tafoege wurdt, dan moat der ynformaasje oer gâns oare talen opnaam wurde, en at der in taal erkend wurdt moatte wy alle taalsiden neilêze om te sjen at der eat oer de rang feroare wurde moat.
En dan noch: Hie it Frysk hjir net teld wurde moatten? Aliter 28 apr 2010, 04.00 (CEST)
Nederheechleech Dútsk/Frankysk
bewurkje seksjeDer stiet no: "De Nederfrankyske dialekten wurde tegearre mei it Nedersaksysk ûnder it Nederdútsk groepearre. Der is in skieding ûntstien tusken it Nederdútsk en Heechdútsk fanwegen de Heechdútske klankferskowing." Dat kin allegear sa wêze, mar foar Afrikaansk giet it allinnich oer wêr't de taal klassifisearre is. Wêrtroch der heger yn de beam eat besûnders is soe op dy oare side komme moatte. Mysha (oerlis) 3 nov 2021, 11.27 (CET)
Eastkaapsk
bewurkje seksjeFan de dialekten witte wy skynber net wêr at "Eastkaapsk" praat wurdt. Is der immen dy't der mear fan wit? Mysha (oerlis) 3 nov 2021, 11.42 (CET)
- Súd-Afrika hat in provinsje dy't East-Kaap hjit. Sûnder mysels no daliks kundich op it mêd fan it Afrikaansk te neamen, liket it logysk dat it Eastkaapsk dêr sprutsen wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 nov 2021, 20.10 (CET)
Botswana leit yn Afrika
bewurkje seksjeWy neame no Botswana as in gebiet bûten Afrika. Dat kin net goed wêze. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 19 des 2022, 12.21 (CET)