Oerlis:Beweging fan Sonja de Vries
Reaksje fan Uit de Bron van Christus op dit artikel
bewurkje seksjeYn reaksje op it boppesteande wol de Stichting 'Uit de Bron van Christus' foar it folgjende omtinken freegje.
De religieuze mienskip Stichting 'Uit de Bron van Christus' stipet it wurk fan Sonja de Vries, dy't fan Gods Ingelen de namme 'Lhyza' krigen hat. Lhyza is in ynstrumint fan Gods Ingelen. Ingelen, benammen de Ingel Roravyanus, sprekt troch har en sy libbet yn ús fermidden mei de Opdracht om minsken te stimulearjen te learen om de geboden fan de God fan alle tiden op te folgjen .
Dizze Himelske Opdracht fynt plak ûnder Godlike ferantwurdlikens yn 'e namme fan de Kristus en stiet ûnder lieding fan Gods Ingelen. God en de Kristus tsjinjend, meie Ingelen in ierdsk minske brûke as in ynstrumint om de Boadskip fan God te bringen oan minsken op ierde.
Yn dizze tiid mei Lhyza tsjinje as in ynstrumint fan Gods Ingelen. Dat betsjut dat se folslein oernommen is troch de Ingelen en net sels bepale kin wat de Ingelen troch har sizze en dêr dus ek net foar ferantwurdlik steld wurde kin.
De spesjale genêzingen dy't de Ingelen útfiere litte minsken sjen hoe spesjaal de krêften binne dy't út 'e Himel ynset wurde foar dizze Opdracht. Yn alle tiden hat God de minske op ierde holpen.
De grutste Godlike help kaam fan Jezus fan Nazareth. Yn 'e tiid fan Syn Libben op ierde hienen de negative krêften út de hellen safolle macht dat se minsken dy't it goede neistribben en posityf wêze woenen, tsjin harren wil beynfloedzje koenen. Jezus de Kristus bruts de macht fan dizze negative krêften en makke sa de wei nei de Himel foar elkenien wer frij.
God is de Skepper fan alles.
Elk minske, dus elke siel, is in fonkje fan God. Troch in protte libbens op ierde wurdt de minske bewust fan syn dieden, wêrtroch't er geastlik groeit en earder foar it goede kiest. Nei syn lêste libben op ierde libbet de minske fierder yn 'e geastlike wrâld dêr't er geastlik noch fierder ûntwikkelt en noch mear leafdeskrêft opbout.
Dizze evolúsje liedt ta syn weromkommen by God. Dus der is gjin ivige ferdommenis!
De minske op ierde wurdt út 'e Himel begelied yn dizze ûnwikkeling.
Yn de hjoeddeiske tiden is in tige wichtich elemint fan dizze begelieding dat minsken harren bewust wurde fan de absolute lykweardigens fan froulju en manlju en dat se ek yn gefoel dêrop hannelje.
Troch de geastlike ûnwikkeling, it neifolgjen fan Jezus de Kristus, krijt de minske hieltyd mear kennis en ynsjoch en krijt er feardichheden en dêrtroch leart er te libjen neffens de wetten fan de God fan alle tiden, wat liedt ta wolwêzen foar elkenien.
Troch it útjaan fan it blêd ‘Kontaktblad’, ynformaasjejûnen op ferskate plakken yn Fryslân, brosjueres en de webside stichtinguitdebronvanchristus.nl ferspraat de Stifting de troch de Ingelen brochte kennis oan alle minsken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jan 2024, 00.52 (CET)