Oerlis:Bluesskema's

Ik kin hjir net krekt wiis út (wat op sich al wat seit), mar dat part oer de "blue-notes" liket wat núver. Moat dit sizze dat blues spile wurdt as begûn de toanljedder op de sept, likas ek al yn it stikje oer de toanljedders te sjen is? Of dat der noaten spile wurde dy't foar in westeling wat ôf binne? Aliter 13.44, 28 nov 2003 (UTC)

It is it bêst te fergelykjen mei it spyljen fan in noat op in 'slide-gitaar'. Op in gewoane of basgitaar kin it effekt makke wurde troch mei de fingers fan de linker hân in snaar wat te rekken, sadat der in bûging yn de noat komt. De frekwinsje dy't dan ûnstiet heart net yn in westerske toanljedder thús. Op ynstruminten as in piano (dêr't de toanhichte efter in toets net fariearre wurde kin) wurdt it effekt benadere troch in foarslach dy't in heale toan heger as leger is. B.

Ik begryp, it binne noaten dy't mei sin wat ôf binne, net dy't in heale noat fierder lizze. Goed. En de b foar dy trije noaten yn de mineur ljedder is gewoan foar "bes", al binne it deselfde noaten dy't ek "blue" spile wurde. En yn de majeur ljedder bin der gjin "blue notes"?
Kinne jo dat faaks krekt wat fierder útskriuwe op de side. It kin wêze dat ik mei oare saken tûker bin as hjirmei, mar der sille grif ek noch oare lêzers komme dy't hjir net krekt wis binne hoe of it is. En ik leau it is better as ik it oanpassen oerlit oan ien dy't wit hoe't it is. Aliter 20.09, 28 nov 2003 (UTC)

Oer it skema fan de toanljedders en de blue notes sil ik nochris teset. De majeure toanljedder dy't sa oernommen is fan nl wiki bin nmtlk net wis fan. B.

Dy ferdúdliking oer de blue notes wie oars tige doelmjittich: Mei ien wurd feroare is it in protte dúdliker. Aliter

Oerlis begjinne oer Bluesskema's

Oerlis begjinne
Werom nei de side "Bluesskema's".