Oerlis:Bosnje-Hertsegovina

Lêste reäksje: 10 deien lyn troch Kneppelfreed by it ûnderwerp titel

titel

bewurkje seksje

@Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Drewes: Is der in spesifike reden dat de offisjele namme net brûkt wurdt? It artikel begjint mei "Bosnje, eins: Bosnje-Hertsegovina...".? No kin ik my bêst foarstelle dat yn teksten Bosnje brûkt wurdt, mar de titel soe neffens my de namme folút neamd wurde moatte. Wat tinke jimme? RomkeHoekstra (oerlis) 8 des 2024, 14.41 (CET)Beäntwurdzje

@RomkeHoekstra: Tsja, dat is wol in bytsje apart. Oan 'e oare kant, we litte Hertsegovina ek fuort by it eigenskipswurd (Bosnysk, en net Bosnysk-Hertsegovynsk, wat wol dien wurdt by Eastenryksk-Hongaarsk). Mar goed. Om my mei dizze side omneamd wurde ta Bosnje-Hertsegovina, mar as guon meidoggers dêr problemen mei hawwe, fyn ik it ek net botte slim as it sa bliuwt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 des 2024, 14.48 (CET)Beäntwurdzje
Ik tink dat it wol ta Bosnje-Hertsegovina omneamd wurde moat, want dat is de offisjele namme, mar dan yn ferfryske foarm. Kneppelfreed (oerlis) 8 des 2024, 22.13 (CET)Beäntwurdzje
@Kneppelfreed en Ieneach fan 'e Esk: Der is al in trochferwiisside Bosnje-Hertsegovina. Ik hie dy trochferwiziing niis der al úthelle, mar dan jout er wer by it omneamen oan dat der al in side op Bosnje-Hertsegovina is. Om't jimme siden ferwiderje kinne is it tink it bêste dat ien fan jimme de omneaming eefkes oppakt. As de omneaming klear is sjoch ik wol eefkes nei de rest (kategoryën, in nije trochferwizing ensfh.).--RomkeHoekstra (oerlis) 9 des 2024, 08.28 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Kneppelfreed, en Drewes: Ik haw op fersyk fan Romke de side omneamd ta "Bosnje-Hertsegovina". Ik tocht, dochs noch mar ris even neisjen foar't we der mear tiid en enerzjy yn stekke, mar no sjoch ik yn it Frysk Hânwurdboek dat de namme fan dit lân neffens de Fryske Akademy stavere wurde moat as Bosnje-Hertsegowina ynstee fan Bosnje-Hertsegovina. It is my persoanlik folslein ûndúdlik wêrom't de v ferfongen wurde moatte soe troch in w, en it liket my wer sterk staaltsje flauwekul. Wat my oangiet, skriuwe wy fan Hertsegovina. Mar wat fine jimme? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 des 2024, 13.25 (CET)Beäntwurdzje
@Ieneach fan 'e Esk: Ik bin gjin taalpurist, mar fyn wol dat in taal wat logysk yn inoar sitte moat. Fan dy FA begryp ik net it measte en jo oerlis mei Kneppelfreed fan fannacht oer dy wylge(n)beam wie ek wer sa'n nuver ferhaal. Ik bin it mei jo iens om Hertsegovina oan te hâlden.--RomkeHoekstra (oerlis) 9 des 2024, 13.59 (CET)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, ik soe sizze lit it mar moai sa't it no is. Ik begryp ek alhiel net wêrom't se dit no mei in w staverje wolle. Kneppelfreed (oerlis) 10 des 2024, 04.45 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Bosnje-Hertsegovina".