Oerlis:Dokkumer Grutdjip

Aldwâlder syl en Aldwâldmersyl

bewurkje seksje

Der hawwwe twa silen west, oan beide kanten fan it wiel ien. Mar binne dizze twa nammen de nammen fan dy twa silen, of it it Aldwâlder syl út it ferline it Aldwâldmersyl fan no? (Mar hoe hjiet it oare syl dan.) Aliter 03.11, 31 mar 2005 (UTC)

Ik haw it boek 'Dokkumer Nieuwe Zijlen in historie' van R. Nouta fan 'e middei út de bibliotheek helle. Hjir stien in pear kearten yn fan de ôfslúting. In dy tiid (1729) wie de feart dy tsjinwurdich oan de westkant fan it Mallegraefsgat leit noch net oanwesich. Hjir hat tink ik ek gjin syl west. De syl leit op it plak wer't tsjinwurdich ek nog in slús mei brêge leit. Ik haw ek de Historische provincieatlas (kaarten fan 1853-1856). Hjir stiet de feart oan de westkant wol op as iepen ferbining mei it Dokkumer Djip. De âldwalder syl is hjir ek op yntekene mar dy hat yn dy tiid bliikbaar gjin funksje. De (âld) swemmer hat dan it selde peil as it Dokkumer Djip. Tsjinwurdich is de âld swemmer gjin part mear fan de Fryske boezem en is dy direkte ferbining mei it Dokkumer djip by de wâlddyk wer ticht. Wanneer dit bart is, gjin idee. Mar der moat achter te kommen wêze.Theun 20.18, 31 mar 2005 (UTC)

Nee, ik sjoch no ek dat it oars is as wat ik earst tocht. Ik hie oannaam dat de feart dêr't de wiel oan fêst sit nijer wie, om't dy mei sa'n núvere draai oan it eardere stik sit. Mar it is oarsom, de koarte trochgong nei it Dokkumer Djip moat om 1835 hinne oanlein wêze: In kaart opmjitten yn 1823 hat dat noch net, wylst in kaart fan 1848 dy ferbining al oanjout. Dat der hat doe grif gjin reden foar in syl mear west.Aliter 00.19, 1 apr 2005 (UTC)

Noch even oer de namme. Ik haw de neamde 'Oudwouder Zijlen' oerset as 'âldwalder syl', is âldwâldmer in bettere fertaling (myn frysk skriuwen is net al te geef)Theun 20.25, 31 mar 2005 (UTC)

It stiet as Aldwâldmersyl op de kaart; fierders wit ik it ek net. Mar, ja, it lûdt al better. Stie yn dat boek ek wat de Fryske namme foar "Dokkumer Nieuwe Zijlen" is? Ik haw der hjir gjin Fryske namme by, mar ik haw it idee dat it faaks "'De Syl" wêze koe, yn stee fan dy lange namme. Aliter 00.19, 1 apr 2005 (UTC)

It boek fan Nouta is yn it Nederlânsk en giet oer de ôfslúting en de silen sels en net oer it bourskip wat by de slûzen untstien is. Is it ek in idee om hjir een bronferwizing nei dit boek ta te foegjen. It is wol gjin frysk boek mar it is wol tige nijsgjirrich.
Neffens mei is it gewoan "Dokkumer Nije Silen". It stiet ek net op de Fryske fersje fan de webside fan Dongeradiel omdat it gjin doarp is mar yn bourskip. By de provinsjale biep ha se in stikmannich foto's fan Dokkumer nije silen, dit stiet er ek sa by as fryske namme (ien fan de boppeste resultaten at je efkes googelje)Theun 19.17, 1 apr 2005 (UTC)

Ik haw it sjoen. (Wy moatte ris freegje at dy kaarten frij fan rjochten binne: Der binne bygelyks ek by fan Rinsma state (Driezum).) Ek Paul Klein jout "Dokkumer Nije Silen", en hy jout ek "Aldwâldmersyl". Yn oarder.

Boarnefermeldings ... ik wit dat der lju binne dy't in soad boarnefermeldings meitsje, skynber om de Wikipedy in soartemint fan jildigens te jaan, mar ik doch it sels leaver net: Yn de rin fan de tiid wurdt it part fan de side wat basearre is op de boarne hieltiid lytser, en lettere bewurkers moatte kear op kear werom nei de boarne om sizze te kinnen of dy boarnefermelding dêr noch in plak hat. Fansels, it wie wat oars en neam it as literatuer op de side Dokkumer Nije Silen. Aliter 23.34, 1 apr 2005 (UTC)

fryske wetters

bewurkje seksje

Is it miskien ek in wat om in kategory fan Fryske Wetters te meitsjen. (Ik haw de side mei Wetters yn Fryslan al sjoen mar hjir untbrekke ek guon der't al in side fan is). Mei in kategory soe dit wer automatysk bywurke wurde.Theun 19.04, 1 apr 2005 (UTC)

Wetters yn Fryslân fungearre meast as in kategory foar de titel. Utsein wy kinne der in oar doel foar fine, koe dy side, tink, ferfongen wurde troch dy kategory. Aliter 00.26, 5 apr 2005 (UTC)

Ik haw op de nederlânske wiki op siden oer de rivieren (byg. Waal) in kaartsje stean sjoen der't it wetter op oenjoen wurd (lykas de kaartsjes mei de provinsjes en de gemeenten). Liket my ek wol wat om dit mei fryske wetters te meitsjen, hat ien hjir noch tips fan hoe en wat en wermei?Theun 19.17, 1 apr 2005 (UTC)

Jo hawwe der al mear oan dien as wat ik dwaan koe! Ien ding: nl:Waal is gjin goed foarbyld. It grutste part fan dy kaart jout hast gjin ynformaasje. Om it plak fan in wetter yn it lân of yn de provinsje oan te jaan, wie in systeem lykas by gemeenten dúdliker: In grutte detailkaart, mei in lyts oersjochtskaartsje der yn. Mar tink derom dat it in bult wurk is. nl:Gebruiker:Mtcv hat dy kaartsjes makke troch earst in kaart fan Nederlân te meitsjen mei alle gemeentegrinzen, dêr't er dan eltse kear in part fan útknipt. Itselde foar Fryske wetters betsjut dan in grutte kaart meitsje dêr't alle wetters fan Fryslân op stean. Mear as in jûns wurk, tink. Faaks kin Mtcv mear sizze oer hoe at soks oanpakt wurde kin. Aliter 00.26, 5 apr 2005 (UTC)
Werom nei de side "Dokkumer Grutdjip".