Oerlis:Doris Mooltsje

Lêste reäksje: 16 jier lyn troch Theun

Swarte Kees, neffens myn wurdboek hat mûne de foarkar. Wy hawwe op 'e wikipedy ek in side oer wynmûne. Wat fynst erfan?--Geoffrey 9 mrt 2008, 15.27 (CET)Beäntwurdzje

It is wat streekeigen en persoanlik (tinkt my). Yn de súdlike helte fan Fryslân sizze de measte minsken mole tink ik. Zantema jout gjin foarkar oan: by mûne stiet in ferwizing nei mole.Swarte Kees 9 mrt 2008, 15.53 (CET)Beäntwurdzje
Dan dogge wy it sa, yn Leewadden segge we ut oek anders en bruke we moalen. Groet --Geoffrey 9 mrt 2008, 16.03 (CET)Beäntwurdzje
Neffens my is it wurd foar mûne op ferskillende manieren stavere (moune, mûne, mole). Ik wit net presys at dit geografysk bepaald is. Neffens my is it by ús (noardeast fryslân) meast moune, mar de stifting foar de fryske mounen hiet De Fryske Mole. By dizze mûne giet it tink om in fryske eigennamme, moai sa hâlde liket my. Theun 9 mrt 2008, 16.16 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Doris Mooltsje".