Oerlis:Dzjengis Khan

Stavering fan de namme bewurkje seksje

Omt Frysk gjin stomme "h" hat, soe ik leaver oer Jengis Kaan skriuwe wolle. Aliter 02.14, 19 aug 2004 (UTC)

Ik soe it sa litte, it op't lêst in 'eigennamme'. B. 19.28, 19 aug 2004 (UTC)
Dat is it punt: Net allinnich is it gjin eigennamme, it is ek werstavere út it Mongoalske skrift. Nammen út oare skriften wurde meast in eltse taal apart stavere, dat der soe in stavering komme moatte dy't it Frysk past. Aliter 20.14, 19 aug 2004 (UTC)

Dat "Mar hy slagge der al yn om bûn[s]genoaten te f[i]nen, om dêrmei it liederskip oer de klan, en dan de stam werom te krijen. Fan dêr feriene er alle stammen yn it gebiet fan Mongoalje ..." moat oanjaan, dat it ferienjen fan de stammen in nije stap wie. Blykt dat dúdlik genôch út "Mar hy slagge der al yn om bûnsmaten te finen, om dêrmei it liederskip oer de klen, en dan de stam werom te krijen. Dêrmei feriene er alle stammen yn it gebiet fan Mongoalje ..."? Ik ben der net wis fan wêr "Dêrmei" nei ferwiist. "Klen" is al better as "klan". Aliter 20.14, 19 aug 2004 (UTC)

Werom nei de side "Dzjengis Khan".