Oerlis:Earkrûpers

Lêste reäksje: 17 jier lyn troch Swarte Kees

Giet dizze side oer it Skift fan Earkrûpers/Eartiken/Foarkestekkers/Knypsturten/Knyptangen as oer ien soarte út dit skift??
At it oer it skift giet past it Soarte berjocht net, Klasse is fansels Ynsecta, it Skift is Demptera. Hexapoda en Antropoda hearre net yn dit berjocht die lizze in nivo heger as de klasse.
As it oer de soarte giet, hoe hjit dy dan, ik tink net dat der in protte fryske nammen foar de ûnderskiedende soarten binne. Of komt der mar ien soarte yn Fryslân/Nederlân foar??
Hoe moat dizze side hjitte, by in Knyptange tink ik oan in stik ark. De ienige fryske namme dy't ik koe oant no ta wie de Foarkestekker. Yn it wurdboek stiet Earkrûper as earste oanjûn, ik wit net oft wy dêr in konklúzje oan ferbine moatte? Theun 22 sep 2007, 20.31 (CEST)Beäntwurdzje

It artikel komt fan de NL Wikipedia ûnder: "Oorworm" en ek it plaatsje komt dêrwei. De beneamingen foar skiften en klassen binne streekrjocht oersetten. As bern seinen wy altyd Knyptange mar ek wol Earkrûper. Earkrûper stiet yndie mei in trochferwizing yn it NL-Fy wurdboek. Ik soe foarslaan wolle om Knyptange om te neamen nei Earkrûpers as famyljenamme. Mar fan yndielingen wit ik net safolle en fan ûnderferdielingen noch minder. Dan mar omneame en redirects fan de oare beneamingen meitsje? En dan de Latynske beneamingen stean litte dy't ek op NL steane? It ûnderskied tusken de knyptange as ark en as ynsekt kin dan ek tagelyk makke wurde,of is der in bettere oplossing?Swarte Kees 22 sep 2007, 21.36 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Earkrûpers".