Oerlis:Eilhard Mitscherlich
By dit artikel stiet in {{stobbe}}. My tinkt dat in stobbe by siden heart te stean dêr't eins folle mear ynfo oer ferwachten is. Dat liket my yn dit gefal net te ferwachtsjen. Op nl: ha se likefolle tekst en stiet der gjin stobbe by. Der binne no ien kear ûnderwerpen dêr't gewoan net folle oer te fertellen is. Sa hawwe eartiids in soad wetters yn Fryslân in stobbe krigen. Mear basearre op de besteande lingte as de ferwachting dat der noch in tekst oer te ferwachtsjen is. Hoe tinke oare bodders hjir oer? Moatte wy hjir war oer ôfprate of litte wy it sa't wy it oant no ta dien hawwe? --Swarte Kees 11 maaie 2011, 18.00 (CEST)
- Sjoch oer Mitscherlich: [1] of [2].Drewes 11 maaie 2011, 18.07 (CEST)
- No hie ik mear foar eagen hoe grut as de betsjutting foar Fryslân wie en Nederlânsk wie. Wy binne ynternasjonaal in lytse (wikipedy)taal en sille nea oer alles en iderien in soad skriuwe kinne. Der sil wat in balâns wêze moatte tusken wat in reedlike lingte is foar in side op in lytse taal as it Frysk. It giet my net sasear om dizze persoan E.M., dêrby is it net fan belang as ik wol/net in soad oer him wit. My tinkt dat wy net in wyldgroei oan stobben krije moatte. Om in bytsje flau te sizzen: elk artikel is geskikt om 'jins witen oan ta te foegjen' mar dat wie net myn ynstek.--Swarte Kees 11 maaie 2011, 18.56 (CEST)
Oerlis begjinne oer Eilhard Mitscherlich
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan Eilhard Mitscherlich.