Oerlis:Feriene Keninkryk
Biedwurd
bewurkje seksje"God en myn rjocht" is eins allinnich it biedwurd fan de Ingelske Kening. Is dat genôch? Aliter 22.37, 11 mai 2005 (UTC)
- It stie sa op de Ingelske Wiki, mar it is in Keninklyk motto. Ik wit net of't it ek it motto foar Grut-Brittanje in it algemien is. Dr. Breznjev 14.06, 12 mai 2005 (UTC)
Grut-Brittanje hat gjin biedwurd of motto. Mar it moat sein wurde: offisjeel hat it ek gjin wapen of flagge; de Union Jack is eins ek keninklik. Lykwols is it biedwurd al wat persoanliker as de flagge. Aliter 20.22, 12 mai 2005 (UTC)
Namme; is Feriene Keninkryk net better
bewurkje seksjeDe side hyt no Grut-Britanje, mar dat is neffens my net hielendal korrekt. Folút hyt de steat it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân. At je it Grut-Brittanje neame slúte je Noard-Ierlân bûten, wylst it in wis part is fan it Feriene Keninkryk. Dêrby hat it grutste part fan de wikipedia's de side Feriene Keninkryk neamd. Is dat net in bettere namme? Maartenvdbent 12.29, 21 jul 2006 (CEST)
- Dy namme is formeel net krekt, en dat stiet ek op de side (tocht ik). Mar hast net ien seit ek wier "Feriene Keninkryk". Mei al it wurk dat it regear ein 20e ieu dien hat om dat te feroarjen seit it meastepart fan de Brit(!)ten hieltiid noch "Great Britain". En foar de Friezen is it net oars. Ik leau ik haw doedetiids googele, al wie ik ek ôfgongen op wat de FA seit oer de skriuwwize, en ik haw it no nochris dien: Mear as fyftich kear mear treffers foar Grut-Brittanje (Wikipedy útsein). Dat, ik nim oan dat Grut-Brittanje hjir dúdliker wêze sil. (Ingelân wurdt noch wat mear brûkt, mar dêr soe de betizing grutter wêze.)
Jo soenen al wat oer dy nammen tafoegje kinne oan de side, fansels. Aliter 23.54, 21 jul 2006 (CEST)