Oerlis:Feriene Steaten

Lêste reäksje: 8 deien lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp Steat(en)

Soe de foarm "grinst" net grinzet wêze moatte? 22.37, 6 nov 2006 (CET) grinzet, soe ik sizze. B. 00.01, 7 nov 2006 (CET) 'Grinzget', soe ik sizze, mar it kin beide. In tiidwurd "grinse" is der lykwols net. Aliter 23 nov 2008, 20.06 (CET)Beäntwurdzje

Merkeldagen

bewurkje seksje

Moatte dy merkeldagen beslist yn it Ingelsk? Aliter 23 nov 2008, 20.06 (CET)Beäntwurdzje

Set mar oer, bin benijd watst der fan makke kinst. --Geoffrey 23 nov 2008, 20.29 (CET).Beäntwurdzje

Ik frege dat om't der al ûnder de keppelings al in protte Ferfryske wie. It binne ek fierders allegear besteande deinammen. Ferkiezingsdei is net in bûnsmerkeldei yn de Feriene Steaten; ik wit net krekt wêr't dat weikomt. "Presidintedei" is in nijmoadrich wurd foar wat ofsjeel hieltyd noch "Washingtons Jierdei" hjit. Mar sjoch der noch mar ris nei, at de tekst deromhinne no noch goed is. Aliter 23 nov 2008, 21.49 (CET)Beäntwurdzje

Demografy

bewurkje seksje

Yn de ynlieding fan de side hie FK-4 in stik oer talen yn de Feriene Steaten skreaun. Dêr ha ik no in subseksje fan makke ûnder demografy. Groetnis --Kening Aldgilles 16 okt 2010, 17.02 (CEST)Beäntwurdzje

Steat(en)

bewurkje seksje

Wy hawwe no "De Feriene Steaten is nei Kanada en Ruslân de tredgrutste steat fan de wrâld wat grûngebiet oangiet." Dat de steaten ìèn steat binne, dat komt wat núver op my oer. Mei it in lân wêze? Mysha (oerlis) 13 des 2024, 15.43 (CET)Beäntwurdzje

Dat kin ienfâldich oplost wurde troch der "lân" fan te meitsjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 des 2024, 19.36 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Feriene Steaten".