Oerlis:Finsk
Sibskip
bewurkje seksjeWêr wurdt op doele mei "Binnen de Eastseefinske talen binne it Estsk en it Karelysk nau besibbe ... mei it Finsk."?
- As twa fan de Eastseefinske talen binne it Estsk en it Karelysk nau besibbe ... mei it Finsk.
- Binnen de Eastseefinske talen binne twa talen, it Estsk en it Karelysk, dy't nau(wer) besibbe binne ... mei it Finsk.
- Noch wat oars.
? Aliter 22.34, 29 des 2005 (UTC)
- Dit stiet der yndied net sa dúdlik. Bedoeld wurdt dat Finsk by de Eastseefinske talen heart, tegearre mei in tal oare talen, lykas Estsk, Karelysk, Ingrysk, Wotysk en Wepsysk. Binnen dizze groep binne Estsk en Karelysk it naust meiïnoar besibbe. -- Meidogger:Burgumer 22.34, 30 des 2005 (UTC)
Dan is it eat as "Finsk is nau besibbe oan de oare Eastseefinske talen, lykas it Estsk en it Karelysk, begryp ik. Aliter 01.54, 1 jan 2006 (UTC)
Ferhâldingswurden
bewurkje seksjeIt liket my dat "It Finsk hat gjin ferhâldingswurden, mar allinnich mar eftersetsels." in oersetting is út it Nederlânsk, ommers, dêr kinne ferhâldingswurden gjin eftersetsels wêze. Mar foar it Frysk past dit net. Moat dit wêze "Yn it Finsk binne ferhâldingswurden altiten eftersetsels?" Aliter 00.05, 30 des 2005 (UTC)
- Ferhâldingswurd haw ik yndied brûkt as oersetting fan it Nederlânske wurd 'voorzetsel'. Foar 'achterzetsel' koe ik gjin oersetting fine, dat dêr haw ik mar 'eftersetsel' fan makke. As in ferhâldingswurd beide ynhâldt dan moat it sa wêze sa't jo sizze. -- Meidogger:Burgumer 22.40, 30 des 2005 (UTC)
Der is net in grut ferskil, mar yn it Nederlânsk jout it wurd oan wêr't it stean kin. Yn it Frysk is dat net sa, dat dy tsjinstelling wurdt in spesifikaasje. Aliter 01.54, 1 jan 2006 (UTC)
Alfabet
bewurkje seksjeYn it stikje oer it alfabet stiet no dat it Finsk it Skandinavyske alfabet brûkt. Dit wie lykwols net de bedoeling fan myn ferhaal. It finsk brûkt it Latynske alfabet (en net it kyrillyske of arabyske). Dit alfabet wurdt oanfolle mei trije ekstra tekens dy't as aparte letters sjoen wurde, nammenlik ä, ö en å. In tal fan de letter út it latynske alfabet wurdt allinnich brûkt yn lienwurden. --Meidogger:Burgumer 22.48, 30 des 2005 (UTC)
- Ik nim oan wat jo meast sizze wolle is dat it Latynske skrift brûkt wurdt en net it arabyske. En fierders brûke se alle letters út it latynske alfabet en it skandinavyske tegearre. Ik haw lykwols keazen foar it skandinavyske om't dan dúdliker is dat der om it Finsk te skriuwen keazen is foar itselde alfabet as yn de rest fan skandinaavje, wylst dy oare letters allinnich brûkt wurde foar fremde wurden. Fansels hie ik it skrift der op de side oer it Skandinavyske alfabet al by sette wollen, mar de lêste kear wie der in oar putsje. As ik it oan tiid haw, ne't ik de Wikipedy 2006 ynholpen haw, dan skriuw ik in begjin foar dy side, dan wurdt it dudliker. Aliter 01.54, 1 jan 2006 (UTC)