Oerlis:Germaanske talen
Namme fan side
bewurkje seksjeIk haw dizze side ferpleatst fan Germaansk nei Germaanske talen. Motivaasje: it Germaansk is de Germaanske grûntaal, dêr't alle Germaanske talen fan ôfstamje. Dêr giet it hjir lykwols mar sidelings oer; dizze side giet oer de Germaanske talen.
De side Germaansk bestiet noch as trochwiisside, dat keppelings nei Germaansk wurde trochwiist nei Germaanske talen. Woadan 13.49, 31 des 2005 (UTC)
- Mei it oanmeitsjen fan de side Oergermaansk is Germaansk feroare ta in synonym fan dy side. Aliter 03.28, jan 16, 2006 (UTC)
Aldste ynskripsje yn runen
bewurkje seksje"De âldst bekende Germaanske ynskripsje skreaun yn runen stiet op ien fan de Gallehus-hoarns, út de 5e ieu."
Dit is net wier. Ik lês yn in stik skreaun troch de taalkundige T. Hofstra, fan de Vakgroep Scandinavische Talen en Culturen en Oudgermanistiek fan de RUG:
“Een van de oudste runeninscripties is die op de lans of speer van Øvre Stabu in het Noorse Oppland, die ca. 200 na Christus wordt gedateerd.”
Ik haw dêrom boppesteande bewearing fuorthelle. Woadan 13.49, 31 des 2005 (UTC)
- (“Ien fan de âldste rune-ynskripsjes is dy op de lâns of spear fan Øvre Stabu in it Noarske Oplân, dy't op likernôch 200 nei Kristus datearre wurdt.”)
- Der stiet net dat it in Germaanske ynskripsje is. Dat is gjin tafal; net ien wit wat dy ynskripsje betsjut. (Graach in side oanmeitsje oer dy spear, dan kin ditsoarte fan ynformaasje dêr taheake wurde.) Aliter 03.28, jan 16, 2006 (UTC)