Oerlis:Gilperik II

Lêste reäksje: 15 jier lyn troch Geoffrey

Hallo, At dy âlden beide om hals brocht binne, kin dat der net net gewoan yn? En ik sjoch dat jonkje ek net út himsels nei it kleaster rinne; kin it wêze dat er dêrfoar al yn it kleaster dien wie, om't der al in soan wie? Dan hie der faaks ek gjin oare namme as Daniël, en is er earst Gilperik wurden doe't er kening wurdt.Mysha

Hoi Mysha, ik ha my wat oan dit artikel fertild en bin der sels net tefreden oer. Opsicht sit ik wol yn de matearje, mar it foel my ôf om der in goed ferhaal fan te meitsjen. Ik ha my ynspirearre litte troch de Ingelske wikipedy, mar efterôf besjoen hie ik my better op de Dútske ferzje rjochtsje kinnen. It is allegear net helder. Gilperik fyn ik wol in nijsgjirrich persoan. Oant in jier of 42 sied er yn in kleaster en waard doe ynienen ta kening makke, troch guons dy't sels de macht hawwe woenen. Gilperik wie net benaud en hat him net brûke litten. Der is ek in ferbân mei de Fryske skiednis. De Fryske kening Redbad wie by it barren yn dy tiid belutsen. Mar wy moat net ferjitte dat dit ferhaal stammet út de tsjustere midsieuwen. Fiel dy frij om der wat oars fan te meitsjen. As ik mear ynspiraasje haw sil ik sels der ek wol wer oan wurkje. --Geoffrey 30 nov 2009, 18.17 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Gilperik II".