Oerlis:Grinzersk
At der dan ferskate dialketen binne dy't Friso-Saksysk binne, wie it dan net better en skriuw dat begryp apart út, yn stee fan hieltiid dy dûblede keppeling? Aliter 26 mai 2007, 06.04 (CEST)
Lêsber of misber?
bewurkje seksjeOp de side stie: It hat in mindere ynfloed fan it Fryske Substraat, mar wurdt hjoeddeis bedreigd troch Hollânske emigranten (foaral studinten).
- Dat Frysk as substraattaal hat hielendal gjin ynfloed mear. Dêrom is it ommers in substraattaal.
- Is der ynfloed fan Nij-Frysk?
- Komme dy emigranten wier út Hollân, of allinnich mar út oare parten fan Nederlân?
- At dy lju emigranten binne, dan geane hja no krekt wei .
At hjir ynformaasje ynsit, dan graach sa opnimme dat dy der ek wer út komt. Aliter 26 mai 2007, 06.04 (CEST)
- Der is hjoeddeis gjin ynfloed fan it Nijfrysk of überhaupt fan it Frysk meer, mar troch it Âld-Easterlauwersk-Fryske ferlyne, hat it noch âlde woarden dy't ek yn it Westlauwersk Frysk foarkomme. Dy emigranten (nêt út it bûtelân, emigranten is dus eigenlik gjin goede term) komme ek út oare parten fan Nederlân, sa as Brabant, Gelderlân en Fryslân, mar sprutsen foaral Hollânsk/Nederlânsk. (klopt mijn Fries een beetje?) 81.205.234.85 26 mai 2007, 14.59 (CEST)
Ik haw it stikje mei dy oanpassing weromset. Kinne jo der noch by sitte hoe at it bedriigd wurdt? (Wurdt it minder praat, feroaret it fan in Plat-dialekt yn in Nederlânsk dialekt, giet it efterút yn status of wurde sprekkers fan it Grinzersk mei ferballing út de stêd bedriigd. (Ja, jo Frysk kloppet in bitsje. At jo wolle kinne jo jo hjir as meidogger oanmelde. At jo no en dan wat lêze of skriuwe wurdt it Frysk fansels ek noch better.) Aliter 27 mai 2007, 02.49 (CEST)