Oerlis:Harnzersk

Lêste reäksje: 12 jier lyn troch Geoffrey by it ûnderwerp Wiskje?

Binne dy foarbylden Stêdsk of Harnzersk? Te ferwachtsjen soe wêze dat it Harnzersk wat mear wurden fan de seefeart hie as de binnenlânske dialekten. Aliter 19.43, 3 okt 2006 (CEST)

Wiskje?

bewurkje seksje

Foecht dit artikel wat ta? Der wurdt wol wat sein oer spesifike kinmerken dy't it Harzersk hawwe soe, mar ik fyn dy net sa besûnder en boppedat jout it artikel gjinien boarne. Ik wit net of ik dat alles leauwe moat, en fan ien ding wit ik sa al dat it hielendal net tipysk Harnzersk is: dat wurdsje juh komt wisse ek yn it Ljouwertersk foar. Steinbach (WanabeFries) 18 feb 2012, 20.57 (CET)Beäntwurdzje

It soe moai wêze as út de doeken dien wurdt hoe't de dialekten dy't yn de stêd sprutsen wurde fan elkoar ferskille. Dat wurdt al dien yn it artikel. Der sit wol wat ferskil tusken, mar net in soad. It Biltsk wykt folle mear ôf fan Stedsk. In Snitser seit "ok" ynstee fan "oek". Ien út Harnz brûkt in protte "seun". Ik fyn net dat it wiske wurde moat, it wurdt fansels better.--Geoffrey 19 feb 2012, 09.04 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Harnzersk".