Oerlis:Henk Borger

Lêste reäksje: 1 jier lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp reklame

Beste Drewes, Ûnder it artikel oer Henk Borger stiet:

DEFAULTSORT:Jong, Hendrik de - en dat tusken twa dûbelde akkolades

Wat hâldt dat yn? In ferwizing? En werom hjit ik dêr Hendrik de Jong?

Tank foar de reaksje op myn fragen,

Hindrik Gosses de Jong

PS Ik ha niis noch mei Henk Borger skille De ein fan it artikel hat in protte fan reklame Mar it wier nijsgjirrige boek is net oars te krijen As it net te fier fan Grou is, bringt Borger it sels oan hûs

reklame

bewurkje seksje

Oan 'e ein fan it artikel wurdt skreaun dat it boek te bestellen is by de skriuwer. Oarspronklik stie sels it telefoannû. der noch by ek. Der hat 'sa't it liket earder ek oerlis west, mar dit kin echt net sa. Foar itselde is de man der net mear en dan wurdt hjir ferwiisd nei dy man. Der is mear mis mei dit artikel: it is tefolle reklame foar in boek ("moaie foto's, neat ûntbrekt want sels it ferkearsbuordsje dat oan de iene kant de Alde Dyk opwiist en oan de oare kant de Mouwewei stiet deryn"). Der wurdt ek skreaun dat de man yn Grou wennet. Op dat stuit sil dat wol sa west ha, mar dat kin no oars wêze. "Ciska" en "Maike Bok fan de Lúkster heawei op De Tynje" foegje neat ta. Ik ferwiderje dêrom in grut part fan de tekst. RomkeHoekstra (oerlis) 15 jun 2023, 08.59 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Henk Borger".