Oerlis:Hurdegaryp
Dat is aardich wat ynformaasje oer Hurdegaryp. Binne wy der wis fan dat wy dat byhâlde kinne, as moat der in datum by sa'n oersjoch as fan de bedriuwen? Aliter 14 mai 2008, 02.22 (CEST)
Nije tsjerke fan Hurdegaryp
bewurkje seksjeNog wat ynformaasje oer de nije tsjerke fan Hurdegaryp. Foardat de bouw begûn gongen de tsjerkfâlden nei Feanwâlden om der de tsjerke te besjen. Dernei hat een sekere Pijter Jansen it bestek foar it nije gebou makke. De bou waard gunt oan timmerman Eilof Johannis fan Wyns foar de som fan 4469,00 gûne. Hy begûn yn 1711 mei de bou Dit kin men lêze op een tinkstien boven de yngong yn'e mourre. Dizze tinkstien waard oan'e tsjerke skonken troch de timmerman. Op dizze tinkstien steane ek fjouwer wapenskylden, werfan nei alle gedachten ien fan'e famylje Reitsma. Yn'e rûnbôge boppe de yngong binne ek nog trije bôgeblokken ynmitsele. Hjirop binne de wapens fan Beern Sieuwen Johannis Jans Snoek en Eilof Johannis foar mei it jiertal 1711. De wapenskylden binne yn'e frânske tiid fernield en derom net mear dúdlik te ûnderskiden. De bûtenkant fan´e tsjerke fertoand sterke oerienkomsten mei oare tsjerken út´e bloeitiid fan´e ferfeanings bygelyks dy fan Koartsweagen, De Rottefalle en Lippenhúzen. De tsjerke krijt yn april 1711 118 ¨car. gld. wegens het Lantschap tot een vereeringe van die nieuwe glasen.¨ Disse ¨nieuwe glasen¨ wiene glês-yn-lead ramen en wierskynlik makke troch Ype Staak út Snits. Hja binne helaas net mear oanwêzig. Ek dizze glêzen binne yn´e frânske tiid fernield sadat wy net mear witte hoe´t se derút sjoen hawwe. Ek foar de bou fan´e tsjerke kamen giften binnen fan ûnder oare: Dr P. Fortuin 63 Gjalt Claases Reitsma 100 (en ek nog 50 foar de hearebank) Rinze Claases Reitsma 30 Lantschap(Oerheid) 315 Op´e earste jannewaris 1712 waard it earste bern yn´e nije tsjerke doopt.
77.250.123.112, 12 feb 2009, 21.36