Oerlis:In Poppehûs
Even ter ferantwurding fan 'e titel fan dizze side: Et Dukkehjem is ûnder trije ferskillende titels yn it Frysk oerset. De reden dat ik foar de sidetitel de foarkar jûn haw oan In Poppehûs boppe It Poppehûs en Poppethús, is dat it de letterlike oersetting fan 'e oarspronklike Noarske titel is. Et Dukkehjem is as wurdfoarm foar Friezen nammentlik wat ferrifeljend; it liket as is et it bepaald lidwurd "it", mar dat is sa net. Krekt as de oare Noardgermaanske talen hat it Noarsk nammentlik twa bepaalde en twa ûnbepaalde lidwurden (wylst wy twa bepaalde hawwe, "de" en "it", en ien ûnbepaald lidwurd: "in"). It Noarsk hat as ûnbepaalde lidwurden ("in") it manlik/froulike en en it ûnsidige (hjir brûkte) et. De beide Noarske bepaalde lidwurden ("de"/"it") binne ek en en et, mar dan wurde se efteroan it haadwurd fêstplakt. Dut "It Poppehûs" soe yn it Noarsk Dukkehjemet wêze. (Ferlykje de bekende namme fan it iisstadion yn Lillehammer, Vikingskipet, dat dus "It Fikingskip" betsjut.) Ieneach fan 'e Esk (talk) 26 des 2013, 21.37 (CET)