Oerlis:Inez Timmer

Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk

Goeje! Dit klopt niet helemaal. Groetnis, Inez Timmer

Goeie. It kin skoan wêze dat der flaters yn it artikel slûpt binne. Mar jo sille wat konkreter wêze moatte as jo wolle dat it ferbettere wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2019, 22.50 (CEST)Beäntwurdzje
Tafallich stuitsje ik op dit artikel. Mei grutte letters stiet der boppe dat der (foar in part) oan 'e betrouberens twifele wurdt. By it oerlis lês ik dat Inez Timmer skreaun hat dat it artikel net hielendal kloppet. Nei de fraach fan Ieneach fan 'e Esk bliuwt it fierder stil wat der net kloppet. Ik ha foar de aardichheid de neamde boarne trochlêzen en eins is it lemma in oersetting dêrfan. Nearne wykt de tekst ôf, dus mochten der flaters wêze, dan sitte dy yn 'e boarne. It is fansels rieden wat der neffens Inez Timmer net kloppet, mar it soe likegoed kinne dat hja op 'e diskografy doelde, dy't net folslein is. Mar soks makket it artikel net ûnbetrouber want dy pretinsje hat it net. Om't de sin 'dit klopt niet helemaal' ús riede lit en neat dúdlik makket, pleitsje ik der foar om it berjocht twifel no mar te ferwiderjen.--RomkeHoekstra (oerlis) 14 sep 2024, 11.01 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Drewes, en Kneppelfreed: Prima, wat my betreft: helje mar fuort. It is fansels ek mar tige de fraach oft boppesteande berjocht wol echt troch Inez Timmer skreaun is. Eltse willekeurige anonime grapmakker soe it wol skreaun hawwe kind. Foar it gefal dàt besykje je wat foarsichtich te reägearjen, mar de twifel bliuwt. As der binnen, wat is it no, fiif jier? fierder gjin reäksje mear kommen is, kin ik my der fierder net mear drok om meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 sep 2024, 15.52 (CEST) --Kneppelfreed (oerlis) 14 sep 2024, 18.28 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Inez Timmer".