Oerlis:J.R.R. Tolkien

Sûnt dizze maitiid (2005) bin ik oan 'e gong mei in ferfrysking fan The Lord of the Ring (Yn 'e macht fan 'e ring), nei in earste besykjen foar de aardichheid yn 2002. It giet no sa, dat ik goeie hoop haw dat ik dit projekt op termyn dien krij. (Tolkien skreau it yn syn frije tiid, ik moat it yn myn frije tiid oersette kinne.) Sa stadichoan soe it aardich wurde as minsken begûnen te tinken of kommentaar jaan woene op wat ik no (of aansen klear haw), ek mei it each op in mooglike útjefte.
Ik wit net oft dit plak it gaadlike foarum is foar soks, mar oars hoopje ik it mei gauwens wol te hearren.

Liuwe H. Westra
Waaksenserwei 2
8823 SX  LOLLUM
0517-469245
baukje at operamail.com
Dit is net spesjaal it foarum foar soks, mar ik leau der is gjin Frysktalige Tolkien Webstee, om't der gjin Frysktalige Tolkien-teksten binne. ... Aliter 13:50, jul 10, 2005 (UTC)
Goeie Liuwe, faaks is wat om it yn de foarm fan in webloch te pleatsen, sadat elts dêr syn opmerkings by pleatse kin sûnder dat der fuort yn dyn oersetting ombarge wurdt. Sa'n loch is fergees te besetten op dit adres: http://www.web-log.nl/portal/check.log . Groetnis, B. 17:48, 2005 jul 10 (UTC) (Bauke N.)

Liuwe, ik fyn it aardich, ja sels hiel goed dat jo it Frysk in oersetting fan The lord of the rings jouwe. Mar salang't dy fertaling noch net publisearre is, liket my it net ensyklopedysk om de titel Yné macht fan de ring, dy't gjin wurdlike oerstetting fan it orzjineal is (heechstens fan de Hollânske fersje), yn dit artikel te fermelden. Soe dat faaks net better weilieten wurde kinne, oant dat boek újaan is? WanabeFrysk 08:19, aug 30, 2005 (UTC)

Ik hie eins itselde idee. Ik hie by it oersetten fan it artikel (fan :nl) earst gewoan delset Hear van de ringen (Lord of the Rings) (mei in staveringsflater ;)). Dit haw ik letter mar omdraait om't it boek noch net yn it frysk bestiet. En ik haw der Hear fan de Ringen fan makke om't it in wurdlike oersetting is en it hast yn alle talen yn dy trant oerset wurd. Ik fyn ek dat it wol aardich bekt (Ringenes Herre, Der Herr der Ringen ensf.), eins noch wol moaier as de ingelske titel. Ik tink dat wy dat mar folgje moatte, oft der moatte noch oare arguminten wêze? Mar dan hearre wy it hjir wol.
Liuwe, ik bin tige benijd benijd nei de oersetting. Ik haw it boek al te faak yn it nederlânsk/ingelsk lêzen dus in fryske fersje liket my tige nijsgjirrich. Mar wol lestich mei sa'n protte nammen en gedichten dy't oer te setten binne en dy't wol de sfear fan it boek bepale.Theun 12:40, sep 4, 2005 (UTC)

Oersetting Wikipedy bewurkje seksje

Yn 'e tekst boppe dit finster stiet noch in net-oerset wurd: 'in dit bewurkingsfjild' moat wêze 'yn dit bewurkingsfjild'. Fierders alle lof foar dizze moaie Fryske side!

Oanpast. As jo faaks wat mear witte oer bygelyks Tolkien, fiel jo dan frij en foegje wat ta oan de Fryske Wikipedy. Aliter 13:50, jul 10, 2005 (UTC)

Hoi Liuwe Wol alder mar net wizer of hoe alder hoe gekker? "Lord of the Rings" is de oersetting fan it aldingelske kenning "hringa thengel" (sj. Beowulf). It hat de betsjutting fan clan-lieder(cyning) of oanfierder(dux). De hear beleannet syn striidmaten mei ringen (pars pro toto foar goud, krychsbut, oare presinten lykas swurden en hynders); de krychslju fjuchtsje har dea foar him - dat is alteast de earekoade.

Hans Westra wst@pers.vhall.nl

Werom nei de side "J.R.R. Tolkien".