Oerlis:Klokhûs

Lêste reäksje: 15 jier lyn troch Bouwe Brouwer

No hawwe wy al in artikel oer in klokhûs, mar net oer de klokkestoel. Utsein Klokkestuollen yn Fryslân. No hawwe wy it alris earder oer it ferskil klokhûs / klokkestoel hân mar binne der doe net útkomd. Hoe langer ik der oer neitink liket it my mear en mear de baas en neam Klokhûs om ta klokkestoel. 'k Haw eins nea ien it wurdt klokhûs neamen heard, mar dat kin troch de regionale ferskillen komme. Der is ek alris oer tocht om in tichte klokkestoel in klokhûs te neamen. Sjoch: Klokkestuollen yn Fryslân ûnderoan. Wat tinke oaren fan omneamen? --Swarte Kees 7 okt 2009, 15.35 (CEST)Beäntwurdzje

Neffens de Taaldatabank fan de Fryske Akademy[1] wurdt "klokhûs" folle faker brûkt as "klokkestoel" foar "vrijstaande klokkenstoel". --Bouwe Brouwer 9 okt 2009, 22.39 (CEST)Beäntwurdzje

'k Wit net wêr't se soks mjitte, mar grif net yn midden- en súd-Fryslân. Myn frou en ik hienen noch nea guon heard dy't klokhûs/klokhús sizze, útsein appeliters.. Google jout ek 15000 kear klokkestoel en 2100 kear klokhûs, mar dat kin ek komme trochdat 'klokkehuis' in tichttimmere 'klokkenstoel' is. no ja, wer wat leard...--Swarte Kees 9 okt 2009, 23.04 (CEST)Beäntwurdzje

Yn de taaldatabank fan de Fryske akademy stean ferskate teksten, lykas artikels en gedichten. Klokhûs wurdt klear folle faker brûkt as klokkestoel foar de "vrijstaande klokkenstoel". Ek neffens de Encyclopedie van Friesland is klokhús it Fryske wurd foar "vrijstaande klokkenstoel". Mar op de webside fan Omrop Fryslân wurdt konsekwint it wurd klokkestoel brûkt. Sa't liket is klokhús geef Frysk en klokkestoel modern Frysk. Klokkestoel stiet gewoan yn it Frysk Wurdboek. Ik tink dat it it bêste is dat klokhûs werneamd wurdt yn Klokkestoel en dat klokhús (net klokhûs) in betsjuttingsside wurdt foar de trije betsjuttings fan klokhús (1. klokkestoel; 2. siedhús fan in frucht; 3. ynwindige holte yn sommige ierappels, rapen, ensfh.) --Bouwe Brouwer 15 okt 2009, 21.01 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Klokhûs".