Oerlis:Leonardo da Vinci
Lêste reäksje: 17 jier lyn troch B. by it ûnderwerp Firenze of Florence (of noch oars)
Firenze of Florence (of noch oars)
bewurkje seksjeYn it stik stiet in keppeling nei Firenze en ien nei Florence. No is dit fansels ien en itselde plak. Wat soe de side yn it Frysk wurde moatte??
Efkes sjoen wat oare talen dogge.
- af:Florence
- da:Firenze
- de:Florenz
- en:Florence
- fr:Florence
- it:Firenze
- nds:Florenz
- nl:Florence (stad)
- sv:Florens
Florence út it Fransk sa at yn Nederlân normaal brûkt wurd fyn ik wol wat nûver lykjen yn it frysk. Dan mar it orgineel? Theun 29 des 2006, 16.36 (CET)
Myn taalgefoel is net wat it west hat. Ik tocht dat it ferskillende plakken wienen. Mar no dat jo it seize, dan sjoch ik it gelyk. It is suffer wat ûnnoazel fan my. Ik fyn Firenze wol moai. Jelle 29 des 2006, 20.21 (CET)
- Soks moat je krekt efkes witte, ik bin ek ris op in groepsreis wêst yn Toskane, doe't ien fan de meidoggers nei in wike frêge of't we no ek ris by Florence kamen, hy hie wol allegear boarden sjoen mei Firenze mar hie dy link ek net lein.
- It is fansels sa dat Florence de namme is dy't yn Nederlân gebrûklik is. Mar de stavering fyn ik wat frjemd, miskien Florâns (fergelykje krâns en soksoarte wurden). Ik kin der ek wolris in meeltsje oan weegje nei in ekspert op it mêd fan de fryske taal. Theun 30 des 2006, 10.40 (CET)
- "De lûdtekens yn beklamme wurdlidden wurde oanpast oan ut Fryske skriuwsysteem as dat mooglik is" is de regel, dus: Florâns(e)? B. 30 des 2006, 11.33 (CET)