Oerlis:List fan Fryske fuotbalferienings
It foarheaksel VV foar de offisjele namme is fansels folslein Nederlânsk. Fanwege de werkenberheid haw ik it oant no ta stean litten. Hoe sille wwy hjirmei oan? Der binne in tal mooglikheden ( "VV Heeg" ( Dat is de offisjele namme en soe dus altyd in redirect krije moatte om it ek fynbder te meitsjen, al dogge wy dat by oare Nederlânske lemmata net..) is hjirby as foarbyld nomd mar it jildt krektsa foar oare ferienings en oare sporten):
- 1.VV Heeg omneame yn VV Heech en dan in redirect fan VV Heeg
- 2.VV Heeg omneame yn FF Heech en dan in redirect fan VV Heeg
- 3.VV Heeg omneame ta FF Heeg en in redirect fan VV Heeg
- 4.VV Heeg omneame yn ff Heech en dan in redirect fan VV Heeg
- 5.VV Heeg as lemma stean litte en in redirect meitsje fan Fuotbalferiening Heech
- 6.VV Heeg omneame ta Fuotbalferiening Heech en in redirect fan VV Heeg
- 7.VV Heeg omneame ta Heech (fuotbalferiening) en in redirect fan VV Heeg
- 8.VV Heeg omneame ta Heech (fuotbalferiening) en in redirect fan VV Heegplus ien fan FF Heech
- 9. VV Heeg omneame ta Heech (fuotbal) en in redirect fan VV Heeg
- 10. VV Heeg omneame ta vv Heech en in redirect fan VV Heeg
(De letters FF/ff kinne trouwens letter betizing jaan mei folleybalferiening..). Der binne grif wol mear mooglikheden,mar litte wy earst ris útgean fan dizze 10. By kommende korrespondinsje graach dizze nûmering oanhâlde, oars komme wy der hielendal net mear út. Jou eigen farianten oars mar de nûmers 11, 12 ensfh.
Sels soe ik leafst nûmer 8 kieze, mar ik lit my graach oertsjûgje mei arguminten en praktyske alternativen as wy dêrmei ta ien foarm komme dêr't wy ús allegear yn fine kinne.--Swarte Kees 27 sep 2008, 18.04 (CEST)
- Wy hawwe plak genôch; útsein de offisjele namme is Frysk, en ôfkoarte, kinne wy gewoan "Fuotbalferiening Heech" skriuwe. Aliter 28 sep 2008, 00.42 (CEST)