Oerlis:List fan states en stinzen yn Fryslân

Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Swarte Kees by it ûnderwerp State of Stins

State of Stins bewurkje seksje

Oan Jan Leemburg fan de side http://www.stinseninfriesland.nl/ hie ik de fraach foarlein oer de redenen om -state oan de namme fêst te skriuwen (bygelyks Bongastate) of los (Bonga State/Bonga state) en it ûnderskied state/stins. Om it oerlis wat by elkoar te hâlden hjir syn beskie:
Yn 'e skreaune boarnen wurde dyn trije foarbylden allegearre brûkt. It hinge der mar fanôf wa't it skreau. Der liket gjin 'enige echte' stavering te wêzen, dat ik haw my yn 't earstoan mar sa folle mooglik oansluten by de stavering dy't Kees Braaksma al brûkte foar't ik der yn om begûn te rieden. Yn twa wurden, beide mei in haadletter. Dat dizze stavering net konskwint oanhâlden wurdt leit him oan it feit dat ik tsjintwurdich ek wol gauris stikjes tekst fan Paul Noomen en Herma van den Berg brûk, mar dan is de stavering net konskwint mear.

Wat it ûnderskied tusken stins, state en sate oanbelanget binne de grinzen ek al hast like helder as matglês.br> Ik gean der fanút dat in stins yn 'e midsieuwen in ienfâldich, hecht en ferdigenber hûs of toer wie op in terpke dêr't trochstrings net yn wenne waard. Dy waarden yn haadsaak brûkt as spiker foar de opslach fan fjildfruchten en sa fan de eigner en allinne bewenne yn tiden fan gefaar en strideraasje. Mar dan gean wy fuort de mist al yn mei ús stedsstinzen... Dy waarden wòl it hiele jier troch de hegerein as wenhûs brûkt. Dy hegerein hie ek doe al gauris in steatlik stiennen hûs bûten de stêd. Dy waarden yn 'e rin fan 'e tiid stadichwei grutter, mei wetter der omhinne en in grutte tún as sels in bosk der by. Guon states groeiden ek út stinzen troch der stadichoan mear wenromte oan fêst te bouwen. Mar ek de haadlingen en heareboeren op it plattelân woene har weelde wat mear sjen litte en begûnen ek grutte huzen (states) te bouwen. Meastal stie sa'n state dan ek by in boerepleats (sate) as der sels oan fêst. Yn sa'n gefal krije wy dus de fraach: is it in state mei in skuorre der oan fêst as is it in pleats/sate mei in grutte foarein?
Dan wurdt der ek noch ferskil makke tusken ealike en eigenierde states, dus dy fan de haadlingen en dy fan 'e heareboeren. Oan 'e bûtenkant koe men it ferskil net sjen.. Dan binne der ek noch de letter troch rike boargers bouwde bûtens (filla's mei in parkje der omhinne) dy't meastal ek 'state' neamd wurde.

Paul Noomen hat de ôfrûne jierren gâns ûndersyk dien nei stinzen yn 'e midsieuwen. Hy is neffens my de grutste autoriteit op dit gebiet. Dy syn boek "De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners" (mei cd) dat ferline jier útjûn is brûk ik as founemint foar de stinzen en 'edele staten'. Mar ek dy twivelt noch wolris by in etiket foar in âld klinte.

Rjochtlinen? Wa't it wit mei it sizze.Dochs, as ik myn sin sis, wurdt de oanioar skreaune ferzje (Bongastate oan elkoar) yn it Frysk it meast brûkt (sitaat J.B.).--Swarte Kees 4 sep 2010, 10.52 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "List fan states en stinzen yn Fryslân".