Oerlis:Mûljearring

Better 'Brekking'

bewurkje seksje

De gongbere útdrukking foar dit ferskynsel is 'Brekking' (ing. 'breaking', dú. 'Brechung', sj. b.g. Handbuch des Friesischen).

Mûljearring is wat oars, sjoch nl:Mouillering.

--Pyt 19 maaie 2010, 08.51 (CEST)

Dit is al in soarte fan j-brekking nim ik oan, ommers, "beammen" hat ek b-uh-j-e-mmen, yn stee fan b-iih-uh-mmen. Mar hjir wurdt dy j-brekking brûkt foar hurde lûden, dêr't oare Friezen dêr in soarte fan oe-brekking fan meitsje. Dan wurdt f-ô-uh-r, net brutsen as f-oe-a-r, mar as f-j-a-r. Hokfoar fan dy twa in ôfwikende foarm is soe ik net sizze kinne, mar ik lês it sa dat it der om giet dat net eltsenien foar de hurde lûden deselde soarte fan brekking brûkt. Dat is wat spesifiker as brekking yn it algemien. (Ik hoopje dat de lûdwerjeften oerkomme.)
Ik wit oars net of dit wurd by dat begryp heart; der stiet ek al dat der ek oare ferskynsels ûnder dizze namme beskreaun wurde, dat faaks wie it baas en meitsje hjir in ûnderskie en brûk wurden dy't net sa'n soad betsjuttings krigen hawwe. (Wy soenen it oars ris neifreegje kinne op de postlist, mar ik haw my noch net wer oanmelde. Wat binne lju altiten drok, no.) Mysha
De stavering Mûljearring docht wat nuver oan, al sil soks komme trochdat it in lienwurd is. Is mûlearring net in konsekwintere stavering?--Swarte Kees 19 maaie 2010, 14.26 (CEST)
Dan soe ik sizze meitsje der brekking fan en fan Mûlearring of Mûljearring in redirect --Geoffrey 19 maaie 2010, 18.15 (CEST)
Dat liket my in goede saak, mar as net-rigelmjittige brûker doch ik it leaver net sels. Fierders is de stavering mûllearring neffens it wurdboek (N-F 1985). --Pyt 21 maaie 2010, 09.11 (CEST)
At mûllearring wier allinnich in oar wurd foar "brekking" is, dan moat de titel fan dizze side feroarje wurde. Dizze side giet ommers net oer brekking yn it miene, mar spesjaal om it ferskynsel dat yn de Wâlden in oare soart fan brekking fan hurde twalûden brûkt wurdt. Hokfoar namme moatte wy dêr dan foar brûke?
Werom nei de side "Mûljearring".