Oerlis:Midfrysk

Lêste reäksje: 14 jier lyn troch Kening Aldgilles by it ûnderwerp Dúdlikens oer it Midfrysk

Moat der faaks net ek wat by oer it argumint om net fan in Midfrysk te sprekken? De oergong fan Aldfrysk nei de taalfoarm dêr't wy it hjir oer hawwe is sa grut, en de oergong fan it Japiks-Frysk nei it modern Frysk is sa lyts, dit ik yn eltse fal net fan Midfrysk sprekke wol. In middelfase fan in Germaanske taal soe al syn fokalen yn net-beklamme wurdlidden ferloaren hawwe, mar noch net syn nammefallesysteem. By de feroaring fan de lange fokalen soe er healwei muotte wêze. Yn it "Midfrysk" binne al dy feroarings al trochfierd. Wat tinke jo derfan? (Ja, fansels muotte wy as ensyklopedy beide gedachten wêrjaan) WanabeFries Velim, non opto 09.51, 26 okt 2005 (UTC)

Fansels, as jo mear arguminten yn dy diskusje witte, dan kin der in apart kopke foar dy diskusje komme, mei de arguminten foar en tsjin. Ik hie gewoan in koart stikje dien fan wat ik op it net seach, allinnich om de side ynhâld te jaan, mar ik haw net de pretinsje dat ik alles fûn haw wat der oer skreaun wurde kin. Aliter 23.57, 26 okt 2005 (UTC)
Miskien moat der dan ûnderskie makke wurde tusken de taal en de literatuer. Yn de taal is der mooglik wol wat foar te sizzen om net te sprekken fan Midfrysk (dêr ha ik minder doel oer), mar foar de literatuer is der wol in dúdlik Midfrysk tiidrek: tusken de Aldfryske wetsteksten (amper literatuer) en de oplibbing yn de Romantyk (Wassenbergh, Friesch Genootschap, de Halbertsma's). 83.136.192.181 08.47, 27 okt 2005 (UTC)
Jimme witte der beide dúdlik mear fan as ik; dit is de Wikipedy - fiel jimme beide frij om diy ferbetterings oan te bringen. Aliter 20.37, 28 okt 2005 (UTC)

Dúdlikens oer it Midfrysk

bewurkje seksje

Jûn,

It Frysk hat krekt lykas de Westgermaanske-talekloft namfallen hân. Sokke namfallen binne yn ferskate talen werom te finen, lykwols brûke de ûnderskate talekloften harren namfallen op oare wizen, sa ek it Frysk. It brûkme fan de âlde Fryske namfallen rint yn tiid en brûkme net lykop mei it Nederlânsk (better sein Dytsk of Nederfrankysk) en dêrom is de ferliking eins om 'e nocht en net sa relevant.
.
It brûken fan namfallen sjoch ik sels net as konservatyf ;-)
.
Gjin midfase yn in taal is ek 'suver nuver'. Yn de taalwittenskip wurde dy ferskillende tiidrekken as helpmiddel brûkt. It Frysk lit syn tiidrekken op ferskate wizen yndiele. Sa kin it wêze dat it tiidrek 1400-1550 somtiden ek as Midfrysk sjoen wurdt. Ik sil it sjen litte mei in lyts oersjoch:

  • Alde yndieling:
    • 1100-1550 Aldfrysk
    • 1550-1800 Midfrysk
    • 1800-no Nijfrysk
  • Nije yndieling
    • Runeskrift-1300 Aldfrysk
    • 1300-1550 Midfrysk
    • 1550-1800 ier-Nijfrysk
    • 1800-no Nijfrysk

De oantsjuttingsâld en nij ferwize nei publikaasjes. Yn de nijere publikaasjes wurdt de saneamde nije yndieling brûkt.
.
Dan is der ek noch wat mei oerlevere teksten tusken 1550 en 1800. Yn dy tiid dy't ik no mar Midfrysk neam is neffens in protte boarnen net sa'n soad skreaun. Dat is net wier. Der is altyd wol skreaun mar inkeld Japiks syn literêre wurk is fan in heger nivo. Yn dy tiid wurde bêst wol in protte brulloftsdichten, sprekwurden en lytse teltsjes skreaun, dêrneist wurde sonetten en psalmen oerset. Hja hawwe by de Fryske Akademy in korpus Midfrysk dy't se dêr aansen as basis brûke sille foar in wurdboek fan it Middfrysk. Inkeld op basis fan Japiks syn wurk kin men gjin akademysk wurdboek meitsje.
.
Dizze lytse ;-) útlis ha ik fan de oerlisside fan Steinbach.

Mei freonlike groetnis, --Kening Aldgilles 16 aug 2010, 20.32 (CEST)Beäntwurdzje

Werom nei de side "Midfrysk".