Oerlis:Minnistedútsk
Menistedútsk? Minne Simens is Menno Simons op syn geefste Frysk mar as we hjir alle nammen oersette wolle yn it Frysk, dan binne de measte besikers it paad rillegau bjuster bin ik bang. De measte Friezen hawwe it neffens my ek oer Menisten. Ik bin der foar om te kiezen foar de meast gongbere foarm (mei in ferwizing fan Minniste....) B. 20.53, jan 19, 2006 (UTC)
- Dat is net wier. Bygelyks yn it bekende boek oer de skiednis fan Fryslân, Fan Fryslâns forline, fan H. Twerda, út 1968, wurdt in hiel haadstik wijd oan Minne Simens, side 128-134. En it Nederlânske wurd mennonieten (of menieten) is oerset yn it Frysk: "minnisten". En dêrfan ôflaat binne neffens it Frysk hânwurdboek bgl. de wurden "minnisteblau", "minnistebrogge", "minnistetsjerke", ensfh. Woadan 15.05, jan 28, 2006 (UTC)
Oerlis begjinne oer Minnistedútsk
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan Minnistedútsk.