Oerlis:Nederlânske SS

Lêste reäksje: 14 jier lyn troch Drewes

Is Standert hjir wol de goede oersetting fan Standaart, of folgen dizze lju in findel? Drewes 2 feb 2010, 15.25 (CET)Beäntwurdzje

Nee, sa is it net krekt; hja foarmje in findel, in legertroep. Dy kombenaasje sjochst yn it Nederlânsk ek, en dan ek itselde wol foar banier. Mar standaard haw ik net sa faak heard yn dy betsjutting. Fansels, it Frans hat dat al, dat it sil grif ek nei Nederlân kaam wêze, mar ik tink dat de Nederlânske SS dy term hie om't dat by de Dútske SS ek sa wie. Mar ik wit net of der yn Fryslân wier ek praat waard fan "Standert I". Mysha
Ik moat der nei riede, mar tink dat men ek yn Fryslân fan standaard spruts. Findel (Standarte, Fahne) soe faaks wol kinne, mar wurket wat ferfrjemdzjend (fan it Tredde Ryk) fyn ik. Standert is yn it Frysk dochs meast mjitstêf. Alhoewol't dy SS-lju de latte wol heech leine sille meitsje ik der dochs mar standaard fan. Drewes 3 feb 2010, 14.06 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Nederlânske SS".