Oerlis:Nessemer Wettertoer

Lêste reäksje: 17 jier lyn troch Theun

Moat dit net wat algemiener en dan in apart stikje oer de Nessemer of Nesker wettertoer? B. 23 aug 2007, 21.36 (CEST)Beäntwurdzje

Hoi Kees, is Wettertoer (Nes) net wat in nuvere namme fergelike mei hoe at wy it meast dogge, wy hawwe ek net Doarp (Akkrum) as Mar (Snits) (Is in bytsje flau foarbyld, ik wit it ;) ). Ik fiel mear foar B. syn útstel, Nessemer Wettertoer, Dokkumer Wettertoer ensfh. Theun 23 aug 2007, 21.55 (CEST)Beäntwurdzje
Kin ik hiel goed mei leve,doch mar,Swarte Kees 23 aug 2007, 22.16 (CEST)Beäntwurdzje
Ik sjoch dat se it op nl al sa dien hawwe (nl:Watertoren (Akkrum)) mar ik fyn it sa moaier. Sa soene je it ek sizze at je dizze wettertoer beneame moatte. Theun 25 aug 2007, 21.11 (CEST)Beäntwurdzje
Jûn Theun, bedankt foar de oanpassings. Bliuwt foar my de fraach oer: Hoe neame wy no it trochferwiisside? As de wettertoer fan De Jouwer of Snits komt moatte dy ek plak ha, en boppedat moat der ommers noch ris in side komme oer de wurking fan de wettertoer. Groetnis,Swarte Kees 25 aug 2007, 21.14 (CEST)Beäntwurdzje
Dy neame wy fansels Wettertoer (yn stee fan de Redirekt nei Wettertoer (Nes)), it maklikst is nl:Watertoren oer te setten en dan ynstee fan alle wettertuorren yn Nederlân de tuorren fan Fryslân yn de tabel sette. Miskien hawwe jo dêr nocht oan, oars sil ik wolris sjen mar ik woe eins ek myn side oer de Eider wat grutte meitsje (hie juster net safolle ynspiraasje mear) Theun 25 aug 2007, 21.28 (CEST)Beäntwurdzje
Jûn Theun, ik sil it moarnier wol efkes oersette. Kinne jo dy Ein ek oan syn ein helpe. Groetnis,Swarte Kees 25 aug 2007, 22.54 (CEST)Beäntwurdzje

Ik hie it justerjûn noch mei in âld-Akkrumer oer de wettertoer. Yn Akkrum wurdt altyd praat oer de wettertoer fan Akkrum. Dat wie by Simmer 2000 ek sa, al falt it stee kadastraal ûnder Nes. Nes wurdt yn Akkrum altyd by Akkrum rekkene. Mochten wy Nes hanthavenje (kin ek mei in ekstra redirect fan Akkrumer wettertoer) dan kin Nessumer better feroare wurde yn Nesser Wettertoer. Nimmen om Akkrum hat it oer Nessumer minsken, huzen of sa. Der wurdt hast altyd praten oer Akkrumer ... Wol bestiet de Nesser Sylroede en de Nesser brêge is ek gewoan taalgebrûk. Is dit reden ta werneamen?

Net alle plaatsjes fan nl: binne oerkomd. Ik miende earst dat it kaam trochdat der in aparte rubryk ==Wettertuorren == ( swimme sokke bistkes yn wettertuorren?) by makke wie mar dat blykte net sa te wêzen. Kinne de plaatsjes lykas Assendelft noch toanber makke wurde? Oars moatte se der mar ôf. Swarte Kees 26 aug 2007, 09.18 (CEST)Beäntwurdzje
Dat net alle plaatsjes oerkomme komt omdat dizze plaatsjes op de nederlânske wiki steane (yn plak fan op http://commons.wikipedia.org dy troch alle wiki's tegearre brûkt wurde kin.) Ik haw lêsten ek in skoftsje dwaande wêst om de fryske gemeente flaggen en wapens fan :nl te kopiearjen nei commons sadat alle wiki's dy brûke kinne, mar dat is in hiel wurk. Sille wy se der earst mar ôflitte? Ik fyn it it wichtsichste dat de fryske tuorren derop steane (as mat it dochs toeren wêze? Ik bin dêr net sa goed yn). Hé dêr sjoch ik noch in oersjochside mei fryske wettertourren, dy tabel fyn ik wol moai, fuortendalik wat ekstra ynfo, sille wy dy tabel yn plak fan de plaatsje fan de fryske wettertourren sette? Theun 26 aug 2007, 09.48 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Nessemer Wettertoer".