Oerlis:Oerfal op it Hûs fan Bewar (Ljouwert)
@Hurkonides: Goejûn. Jo binne de lêste tiid tige warber mei dit artikel, en jo wurkje blykber op basis fan in boarne, dat dêr hie ik oant no gjin problemen mei, mar sa't jo juster en hjoed te wurk gien binne, dêr bin ik it net mei iens. Sa't jo it efterlitten hiene, sleat de tekst net mear opinoar oan en wie it ferhaal ûnbegryplik wurden. Jo hiene hiele stikken tekst wiske mei de tafoeging dat it "ûnsin" wie en dat it net yn jo boarne stie. Dat kin bêst wêze; boarnen sprekke inoar soms tsjin. Ik haw dit artikel skreaun op basis fan 'e detaillearre beskriuwing fan 'e oerfal op dizze webside, sa't ek by de boarnefermelding neamd wurdt. No kin it fansels skoan dat net alles kloppet wat dêr stiet, dêr wol ik ôf wêze. Mar wat we hjir hawwe binne twa serieuze boarnen dy't inoar tsjinsprekke. Dan liket it my de baas dat we: òf yn it artikel oanjouwe dat der stridige boarnen besteane, òf dat we in trêde boarne sykje dy't ien fan beide ferzjes befêstiget. Om't ik net oer sa'n trêde boarne beskik, haw ik foar de earst opsje keazen. Ik haw de tekst fierhinne weromset, mar dêrby dúdlik oanjûn dat de boarnen inoar tsjinsprekke. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 des 2021, 22.45 (CET)
- Ik bin it sels dy't hjir wiidweidich ûndersyk nei dien hat. Hessel de Walle yn De Mannen van de Overval. Ik beskik oer allegear persoanlike ferslaggen fan dizze oerfal dy't noait earder nei bûten kommen binne. Út myn analyse blykt hoe't de hiele saak yn syn wurk gien is. It ferhaal fan Joop Willemse sa't it der no yn stiet, is perfoarst net wier. En sa binne der wol mear dingen.It ferhaal op TraceofWar kloppet yn in protte opsichten net. Dêr haw ik se ek wol yndachtich makke, ferwiizjend nei ferskate boarnen. Holpen hat it net. It ien en it oar is nij te lêzen yn in boarne dy't noch net neamd waard: De kraak fan Arend Jan Wijnsma en yn myn boek De Mannen van de Overval. Ik ha mei neibesteanden fan 'e oerfallers praat en dy ha my flink wat persoanlike papieren meijûn dy't ik brûkt ha foar myn boek en dy't ek it ferhaal fan Wijnsma fierder oanfolje. Myn ferzje komt it tichtst by de wierheid. Myn ûndersyk giet noch fierder. Takom jier ferskynt in biografy oer Piet Oberman. Ek fan him hawwe we in persoanlike ferslach. Ek bin ik der no aardich wis fan dat der gjin trije arrestanten mar twa foar de doar stienen mei de SD'ers. Mei nammen en al bekend.Hurkonides (oerlis) 7 des 2021, 18.10 (CET)
- @Hurkonides: Ik haw tekst noch mar even werom set, dat redigearret wat makliker. Want sa't ik hjir boppe al sei: sa't jo it dien hawwe, kin it net. De tekst slút net mear opinoar oan en it ferhaal is ûnbegryplik. Wat jo hjirboppe sizze, feroaret dêr neat oan. As jo feroarings opnommen wurde, moat it ferhaal noch yngeand feroare wurde. It probleem foar my is fansels dat ik jo no op jo wurd leauwe moat. Ik haw it ris even yn my omgean litte, en ik sil dat mar dwaan, we binne hjir úteinlik Friezen ûnderinoar, mar jo moatte wol goed foar it ferstân hawwe dat jo dêr by in gruttere Wikipedy lykas de Nederlânske of de Ingelske nea mei weikomme soene. Dêr hawwe se regels tsjin wat se "orizjineel ûndersyk" neame. In ensyklopedy is eins inkeld bestimd foar it oereidzjen fan spul dat troch oaren (dus net troch josels) skreaun is. Ik sil wol ris sjen oft ik der in rinnend ferhaal fan meitsje kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 des 2021, 18.31 (CET)
- Okee, jo hawwe it spul sels al reparearre, sjoch ik wol. No ja, dan moat it samar. De tekst liket no yn elts gefal wer in logysk ferhaal te foarmjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 des 2021, 18.37 (CET)
- Ik haw hjir fjouwer jier lang ûndersyk nei dien en bin hjir noch mei dwaande. Ik leau bêst dat it noch net goed rûn, mar is wist net wêr't ik earst of lêst begjinne moast.
- Do hoechs my net op myn wurd te leauwen. Ik haw in tal boarnen tafoege wêrûnder it ferneamde Herinneringsalbum dat de mannen sels makke ha en dêr't krekt yn út 'e doeken dien wurdt hoe't alles yn syn wurk gien is. Dat liket mei de meast betroubere boarne ta en dy waard by dit ferhaal net fermeld. Hurkonides (oerlis) 7 des 2021, 18.51 (CET)
- Bêst genôch. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 des 2021, 21.37 (CET)