Oerlis:Plasse (lichemsdiel)

Lêste reäksje: 16 jier lyn troch Geoffrey

Ik bin der net wis fan oft de Fryske beneaming fan guon bonken wol kloppe. Ik haw it oerset fan nl en it wurdboek dat ik brûke ha foarsjocht net oeral yn--Geoffrey 19 okt 2008, 15.48 (CEST).Beäntwurdzje

By plasse moat ik meast tinke oan it boppeste stik fan de holle, Yndianen soenen scalp sizze, fgl. in keale plasse en it diel fan de kop dêr't men pine yn'e holle yn hawwe kin. Leit soks oan my of moatte wy in oar wurd brûke? Mar wat soe dan it alternatyf wêze: skedel, kop .....? --Swarte Kees 19 okt 2008, 18.56 (CEST)Beäntwurdzje
In wurd as Plasse brûk ik sels net, ik koe it ynearsten ek net, mar it giet my foaral om al dy oare bonkenammen dêr't ik de Fryske nammen net fan kin. It wurdboek dat ik brûk jout ek net genôch ynformaasje. Ha wy foar al dy bonken wol Fryske nammen? --Geoffrey 19 okt 2008, 20.17 (CEST)Beäntwurdzje
Ik tink dat it sprekwurd it is him yn 'e plasse slein dochs oeral brûkt wurdt. Ik haw it krekt efkes neisjoen yn it elektroanyske wurdboek fan de Fryske taalhelp en skedel bestiet yn it Frysk net iensen. Plasse is dus in goede Fryske oersetting foar it Nederlânske schedel. Groetnis Kening Aldgilles 19 okt 2008, 21:17 (CET)
Werom nei de side "Plasse (lichemsdiel)".