Oerlis:Poarterbuorren

Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Yn 'e Wâlden

Bêste, ik haw oer de Poartebuorren ûnder Hallum al it nedige skreaun. Ea berne oan de Poartebuorren komt my it ferhaal fan Gildemacher net bekend foar. Yn 'e Wâlden 14 aug 2011, 18.22 (CEST)Beäntwurdzje

Ik haw de ynhâld wat krekter beskreaun om better oerlis hawwe te kinnen. Wat is der krekt ûnbekend oan it ferhaal fan G.? --Swarte Kees 14 aug 2011, 22.37 (CEST)Beäntwurdzje
Neffens de bebouwing hat it nea in buorrentsje west, mar fanâlds in strjitte. Doe't tusken 1832 em 1864 de earste bebouwing ûntstien is, wiene dat timmermanshuzen, trije dûbele wenten en twa-trije inkele. Op dat momint stie allinne de poarte of it poartehûs noch oan 'e ein fan oprydleane. Dus poarters hawwe der nea west en de timmermanshuzen litte sjen dat it gelegenheidsbebouwing wie, dy't sels no noch te werkennen is. Dat Eekhof der in Nederlânske kreet op plakt hat, sjogge wy rûnom yn Fryslân. Dat wie yn dy tiid hiel gewoan fansels, de kaartemakker frege "hoe heet het hier" en dan wie der altiten wol in Fries dy tocht dan sil it wol "poortburen" wurde moatte. Salang't ús famylje dêr in winkel fierd hat, mear as hûndert jier, hat it nea in buorskip/buorrentsje west en waard ek de namme gemeentlik oanjûn mei Poartebuorren. De buorren nei de poarte ta. Yn 'e Wâlden 15 aug 2011, 10.09 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Poarterbuorren".